Geert yn de middei fan 22 juny 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

De muzikale iepening wurdt fan 'e middei dien troch hurdrincoach Jaring de Groot. Hy is drok dwaande mei de kampanje Fit mei Femke en is sels ek in fanatike hurdrinner. Wêr komt dizze passy wei en wat fynt er sa moai oan hurdrinnen?

Geert van Tuinen hat it konsept 'oer de grins' wol hiel letterlik naam, want hy is de kommende wiken op fakânsje. Dus is Femke de Walle fan 'e middei jo gastfrou by Geert yn de middei. Fansels gean ek wy fanút ús studio yn Ljouwert figuerlik de grins wer oer. Sa ha wy Oetze Deelstra op besite. Hy wennet yn Sweden, mar is no wer efkes yn Fryslân fanwege de brulloft fan syn broer Bauke.

Ferline wike hienen wy al twa fanatike staazjerinners yn Kanada en fan 'e middei ha wy op 'e nij twa jonges oan de tillefoan dy't yn Kanada by in staazjeboer sitte. Gerben Stellingwerf en Romke Lycklama à Nijeholt binne buorjonges en sitte op dit stuit beide yn Kanada. Hoe befalt it de mannen?

Fansels ha wy wer kontakt mei Marijke Hornstra. Sy is noch altyd mei har freon Jelte ûnderweis troch Súd-Amearika. Op dit stuit binne se yn Ekwador en belibje dêr de moaiste aventoeren. En hoe giet it mei dy oare fytsfroulju: Nathalie en Daniëlle, dy't ûnderweis binne nei Santiago de Compostella?

Ta beslút belje wy mei model Milou Groenewoud. Sy hat it de ôfrûne wiken smoar drok hân. Dus wy binne benijd nei har lêste ferhalen!

Harkje nei Jaring de Groot

Fytsfroulju Nathalie en Daniëlle ha de einstreek yn sicht

Model Milou Groenewoud sit yn Parys

Wy bellen Marijke Hornsta út bêd

Oetze Deelstra wennet yn Sweden en wie wer efkes yn Fryslân

De buorjonges Romke en Gerben binne op staazje yn Kanada

13:09 - Kensington - War
13:14 - Avicii & Robbie Williams - The Days
13:27 - Deep Purple - Black Night (Single Version)
13:51 - Bon Jovi - Runaway
14:06 - Sheppard - Geronimo
14:12 - Hanson - Where's The Love
14:25 - Cyndi Lauper - Girls Just Want To Have Fun
14:33 - Maroon 5 - Misery
14:45 - Nelly Furtado - Powerless (Say What You Want)
14:53 - Causes - Teach Me How To Dance With You
15:05 - Peter Allen - I Go To Rio
15:09 - Kygo - Stole The Show
15:18 - Rekkendei - De Hiermoardner (At Your Service)
15:22 - Ellie Goulding - Love Me Like You Do
15:33 - Wham - Wake Me Up Before You Gogo
15:45 - Walk The Moon - Shut Up And Dance
15:52 - Janis Joplin - Mercedes Benz
15:53 - Kraftwerk - Autobahn

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)