Geert yn de middei fan 21 septimber 2015 13:00

Geert van Tuinen is werom fan fakânsje en siket fan 'e middei de muzikale grins op mei reedrydcoach Jillert Anema, oan de hân fan syn top trije mei platen út jierren '60, '70 en '80.

Fansels sykje wy wer kontakt mei Marijke Hornstra, dy't ferline wike fertelde oer de problemen fan har freon Jelte. Hy hat lêst fan syn knibbel, en dat smiet harren plannen yn de war. Moatte se twongen weromkomme nei Nederlân?

En wy belje mei Dirk Geerdink, dy't sûnt augustus yn Súd-Koreä wennet foar syn stúdzje. Syn aventoer begûn mei de nedige problemen, doe't syn tas stellen waard by in konsert dêr't ek syn fisum yn siet. Gelokkich waard de tas werombrocht en koe syn reis trochgean. Yntusken sit Dirk dus al wer in oantal wiken yn Súd-Koreä en hy fermakket him hjir prima.

It is tiid foar de ferkiezings. No ja, yn it Spaanske Cataluña yn elk gefal. Wy belje mei Rudmer Bosga. Hy komt fan oarsprong fan De Tike, mar wennet al wer jierren mei syn frou en bern yn Spanje. En dizze wike wurdt der stimd yn Cataluna. Hoe libbet dat yn de regio?

Dirk Geerdink út Súd Korea

Marijke Hornstra

Rudmer Bosga út Barcelona

13:09 - Swamp - Cher Chatin
13:13 - Beatles - With A Little Help From My Friends
13:34 - Santana - Maria Maria (Wyclef Remix)

14:06 - Norah Jones - Creepin' In
14:10 - First Aid Kit - My Silver Lining
14:18 - Kenny Rogers & Sheena Easton - We've Got Tonight
14:22 - Bassie & Adriaan - Gefeliciteerd
14:23 - George (Make It Big) Wham! Michael - Careless Whisper
14:31 - Owen Paul - My Favourite Waste Of Time
14:42 - Sheppard - Geronimo
14:46 - U2 - I Still Haven't Found What I'm Looking For (Live)

15:05 - Manfred Mann's Earth Band - Blinded By The Light
15:11 - Years & Years - King
15:23 - Herman Brood - Saturday Night
15:27 - Alain Clark - Back In My World
15:32 - Bill Medley & Jennifer Warnes - The Time Of My Life (Dirty Dancing)
15:46 - Annie Lennox - Why
15:53 - Lodewijk Van Avezaath - Verrek, Zeg Kerel, Ben Jij Het

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)