Geert yn de middei fan 21 maaie 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Fansels folgje wy hjoed wer de Koer fan Fryslân op syn reis troch de provinsje. De koer wie by Ruurd van der Woude út Wynjewâld en gong nei Douwe de Vries fan Snits. Douwe is de âld-kollega fan Ruurd en hy wie altyd it oansprekpunt op it wurk. Doe't de kompjûters har yntrede dienen, hat Douwe it oan Ruurd leard.

Wy belje mei Mark Kroes fan Easterwâlde. Mark hat yn 2007 in stamseltransplantaasje hân. Hy is ien fan de sân manlju en froulju mei in donororgaan dy't op twadde pinksterdei de Alvestêdetocht fytse sille.
Earder hienen wy Albert de Graaf, Erik Wijtsma, Hans Noordenbos en Mieke Pape al yn de útstjoering om te fertellen oer wat in donor foar harren betsjut hat, en hoe wichtich it is om jo oan te melden by jaofnee.nl

De Fryske regisseur Rutger Veenstra makket in koarte lanlike spylfilm. Der wurde ek filmopnamen makke yn Fryslân tusken 1 juny en 15 juny. No wurde der noch figuranten foar dizze film socht, dus miskien kinne jo hjir jo filmkarriêre begjinne! Hoe't it krekt sit, fertelt Rutger Veenstra ús.

Kultuersintrum de Wâldsang hâldt yn muzykskoalle Bûtenpost in "slachwurkmiddei" op 30 maaie. Minsken kinne der sa hinne gean. Sy krije dan fan 12.30 oere ôf clinics fan Sytze Pruiksma en Sietse Huisman. Dus as jo noch in slachwurkkarriêre meitsje wolle dan moatte jo yn Bûtenpost wêze! Adriaan Groffen wit hjir alles fan.

En we belje efkes mei Anita Sixma-De Roo. Sy hat in ‘breiboetyk' op 'e Jouwer en sit yn de organisaasje fan ‘Joure ûnder de wol’. Dat evenemint wurdt tegearre mei Landschapsbeheer Terra organisearre kommende sneon 23 maaie. Doel is om sjen te litten hoe't wol makke wurdt. Der wurde skiep skeard troch de wrâldkampioen skieppeskearen Garry Rutter út Nij-Seelân. Fierder wurdt de wol kaard, spind en farve.

13:10 - Lunchmoney Lewis - Bills
13:15 - Kensington - War
13:18 - Mavericks - Dance The Night Away
13:25 - Broken Brass Ensemble - Baby's Gone (Ft. Ruben Hein)
13:31 - Narada Michael Walden - Gimme Gimme Gimme
13:39 - Skik - Hoe Kan Dat Nou?
13:43 - Coldplay - Viva La Vida
13:53 - Twarres - De Juste Snaar
14:05 - Omc - How Bizarre
14:11 - Michael Buble - Haven't Met You Yet
14:15 - Randy Crawford & The Crusaders - Streetlife
14:28 - Gotye (Ft Kimbra) - Somebody That I Used To Know
14:36 - Sheppard - Let Me Down Easy
14:40 - Avicii & Robbie Williams - The Days
14:49 - Jan Tekstra - Famke Famke
15:05 - Abba - Does Your Mother Know
15:10 - Cher - Strong Enough
15:18 - Sytse En Hendrik Haima - Beppe Sei Noait Nee
15:21 - Tina Turner - The Best
15:27 - Jessie J Feat B.O.B. - Price Tag (Original Version)
15:35 - Brooke Fraser - Something In The Water
15:44 - Racoon - Guilty
15:53 - Nicole - Ein Bisschen Frieden

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)