Geert yn de middei fan 20 april 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Sander de Rouwe, polityk lieder fan it CDA, jout hjoed de muzikale ôftraap fan it programma. Hy nimt ús mei werom yn de tiid mei syn favorite hits út de jierren '60, '70 en '80.

En fansels geane wy de grins wer oer. Sa belje wy mei Lina Nota. Sy sit foar in healjier yn Medellin, Kolombia. Dêr is se op syk nei har biologyske mem. Lina is berne yn Kolombia en dêrnei adoptearre troch har heit en mem yn Fryslân. Dit jier nimt se in sabbatical om yn har bertelân op syk te gean nei har echte mem.

Oan de tillefoan binne ek Johannes en Tetsje Elgersma, dy't al wer jierren yn Tasmanië wenje. Johannes komt fan Gaasterlân en Tetsje komt fan Dokkum. Tegearre ferruilen se Fryslân lang lyn foar it avontoer yn Alberta, Kanada. Dêrnei folge Victoria yn Australië en no sitte se yn Tasmanië.

Ek belje wy wer efkes mei Marijke Hornstra, dy't tegearre mei har freon troch Súd-Amearika fytst. Dêr belibbet se prachtige avontoeren. Se praat ús hjoed wer by. En wy ha model Milou Groenewoud oan de lijn, dy't it smoardrok hat mei fotoshoots yn it bûtenlân. Hoe wie har wike?

Moaie muzyk, ferrassende ferhalen en prachtige petearen. Jo hearre it yn Geert yn de middei!

Sander de Rouwe yn de studio

Lina Nota sit foar in healjier yn Kolombia

Marijke Hornstra fytst troch Peru

Model Milou Groenewoud hie in drokke wike

Johannes en Tetsje Elgersma wenje al jierren yn Tasmanië

13:09 - Shania Twain - I'm Gonna Getcha Good!
13:16 - Imagine Dragons - I Bet My Life
13:26 - Boudewijn De Groot - Weterusten, Mijnheer De President
13:32 - Hanson - Mmmbop
13:42 - Supertramp - School
13:49 - Michael Jackson - Billy Jean
14:04 - Katy Perry - Last Friday Night (T.G.I.F.)
14:11 - Nick & Simon - De Horizon
14:15 - Common Linnets - Love Goes On
14:27 - Oasis - Wonderwall
14:33 - Hooters - Satellite
14:49 - Jessie J Feat B.O.B. - Price Tag (Original Version)
14:54 - Four Lads - Standing On The Corner
15:04 - 10 Cc - The Things We Do For Love
15:13 - Racoon - Guilty
15:22 - Weima & Van Der Werf - Lytse Dingen
15:34 - Fleetwood Mac - Everywhere
15:43 - Grytz & Grize Mei Johannes Rypma - Alle Dagen Dy
15:51 - Rene Froger - Doe Maar Gewoon
15:54 - Jackson 5 - Abc

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)