Geert yn de middei fan 2 juny 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Fan 'e middei stiet Omrop Help wer sintraal.

Frou Van Kammen hat trije wite porsleinen potten fan har mem krigen mei de tekst kofje, tee en sûker derop. Mar no mist se de kofjepot, dy kin se nergens mear krije. It binne fjouwerkante potten mei in lid. Foarop stiet kofje. Oan de bopperâne fan de pot is in blauwe biis mei oranje-griene blomkes derop. De bopperâne is skean ôfsnien, dus eins achtkantich. Wa kin har oan dizze kofjepot helpe?

Douwe Feenstra út Raerd is op syk nei in gedichtsje dêr't er noch mar twa fersen fan wit, mar dat wol út 9 of 10 bestiet. Hy moast it foar Sinteklaas opsizze yn desimber 1953. Hy wie doe 7 jier en siet op in twamansskoalle yn Sibrandabuorren by juf mei de klassen 1, 2 en 3. De earste rigels binne: als ik ijsman was, als ik ijsman was - dan zou ik het heus wel weten - ik zo geloof ik iedere dag - mijn ijsjes zelf opeten. Hy soe it graach nochris opsizze wolle.

Jan de Vries syket al 20 jier nei twa boeken fan Lammert Kombrink: Mijn Hunebed en Gij zult niet begeren. Hy hat al tweintich boeken fan dizze skriuwer, mar dizze titels kin er net fine.

En dan hat Anne Faber fan Easterlittens noch wat hiel nijsgjirrichs.
Hy hat in houliksbekendmaking út 1878 fan Thomas. P. van der Veer fan Tersoal en Tytsje T. Smit fan Kromwâl. Mar it is net famylje of sa. Hy ken de minsken ek hielendal net. It is in prachtich kaartsje! Dus wol hy it graach werom jaan oan de famylje.

Ha jo ien fan boppesteande saken en wolle jo it wol kwyt? Lit it ús witte! Nim kontakt op fia de mail: geert@omropfryslan.nl of stjoer in sms'ke of appke nei 06 20 499 199. Belje kin ek mei 058 299 78 44.

En we belje mei Skelte Anema. Hy hat mei syn freondinne Wytske Vermeulen de stifting Doch dyn Dream oprjochte yn 2013. Se wolle in skoalle bouwe yn Matunda yn Kenia by in weeshûs. De grûn ha se foarich jier hjerst al oankocht. No hâlde se ferskate aksjes om jild yn te sammeljen . Sa sille se op 4 july nei Parys fytse. Hjirfoar sykje se noch sponsors. Sjoch op www.dochdyndream.nl

13:08 - Mans Zelmerlow - Heroes
13:13 - Brendan Peyper - Stop, Wag, Bly, Nog 'n Bietjie
13:20 - Wiegels Wjukkelmasine - Ik Wit Net Wat Der Is, Mar Der Is Altyd Wat
13:30 - Guus Meeuwis - Zo Voelt Het Dus
13:36 - Christopher Cross - Ride Like The Wind
13:44 - Alanis Morissette - You Learn
13:52 - Calvin Harris - Summer
14:07 - Katy Perry - Teenage Dream
14:14 - Wiz Khalifa Feat. Charlie Puth - See You Again
14:27 - Scorpions - Wind Of Change
14:35 - B-52's - Love Shack
14:40 - Sheppard - Let Me Down Easy
14:47 - Sting - And Yet
15:05 - Gilbert O'sullivan - Get Down
15:09 - Alannah Myles - Black Velvet
15:18 - Edwin Evers Band - Ik Meen Het
15:23 - Nadieh - Windforce 11
15:26 - Twarres - De Juste Snaar
15:33 - Narada Michael Walden - Gimme Gimme Gimme
15:39 - Lost Frequencies - Are You With Me
15:46 - Alexander Rybak - Fairytale
15:54 - Ymie Bij De Ley & Piter Wilkens - Ien Pak Rein

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)