Geert yn de middei fan 2 july 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

It is wer tongersdei en dus folgje wy de Koer fan Fryslân. De koer wie by Henriët Kempenaar-Van der Tol út Folsgeare. Sy joech de koer troch oan Hetty Sijtsma út Drylts. Hetty docht in soad 'missywurk', yn de omkriten fan Drylts. Se wurket by de Organisatie Mobilisatie yn Emmeloord. Dit is har wurk, mar ek foar in diel frijwilligerswurk. Sels stipet Hetty sa no en dan projekten yn earme lannen. Sa hat se krekt nei Georgië west. Dêrneist helpt se op tongersdeitejûn yn de Schuilplaats yn Snits. Hjir kinne dakleazen en earme minsken twa kear wyks in waarm miel krije. Hetty stiet faak op de achtergrûn, mar fertsjinnet it wol om in kear yn it sintsje set te wurden, fynt Henriët.

En wy ha wer nijsgjirrige gasten. Melle Kloosterman komt nei de studio om te fertellen oer de Carbagerun dêr't se oan meidogge. De start is no moandei 6 july en de oankomst yn Ingelân is freed 10 july. Mar wat is de carbagerun ek mar wer? En mei wat foar auto docht Melle mei?

Wy belje efkes mei Henk Dijkstra fan it Frysk lânboumuseum. Snein 5 july organisearret it museum yn Earnewâld foar de sechsde kear de Fryske Trekkerdei. Bûten it museum steane allerhanne antike trekkers mei ferskate masjines. Foar bern is der fan alles te dwaan yn de 'berne-heaberch'. En de alderlytskes kinne in parkoers ride op traptrekkers, dêr't se in rydbewiis foar helje kinne.

En wy hawwe entûsjaste hurdrin kollega's yn de studio. Ek by Omrop Fryslân binne in oantal minsken al fanatyk útein setten mei Fit mei Femke. Tusken de middei wurdt der folop hurdrûn om it Omrop-gebou hinne. Hoe giet it oant no ta? En hoe hâlde se it fol mei it waarme waar?

Melle Kloosterman docht tegearre mei Sake mei oan de Carbagerun

Hetty Sijtsma út Drylts hie de Koer fan Fryslân

Henk Dijkstra fertelt oer de Fryske Trekkerdei

De fanatike hurdrinfroulju fan de Omrop

13:09 - Vengaboys - We're Going To Ibiza
13:15 - Omi - Cheerleader
13:21 - Mumford & Sons - Little Lion Man
13:25 - Gurbe Douwstra En De Sadelrukers - Thus
13:29 - Jewel Akens - The Birds And The Bees
13:34 - Sia - Clap Your Hands
13:38 - Freak Power - Turn On Tune In Cop Out
13:48 - Police - Walking On The Moon
13:52 - Andre Hazes - Zomer
14:06 - Mans Zelmerlow - Heroes
14:13 - Van Geeft 'm - Daarom Zing Ik
14:23 - Prince - The Most Beautiful Girl In The World
14:27 - Marcel Smit - De Kop Der Foar
14:34 - Superheavy - Miracle Worker
14:45 - Raynaud Ritsma & Aafke Zuidersma - It Is Simmer
14:52 - Luv' - Trojan Horse
15:05 - Crystal Fighters - You & I
15:11 - Lou Bega - Mambo No. 5
15:14 - Train - Drive By
15:21 - Mink Deville - Demasiada Corazon
15:25 - Ellie Goulding - Love Me Like You Do
15:32 - Diana Ross - Upside Down
15:47 - Roos Linda & Jessica - Alles Of Niets
15:53 - Folkert-Hans - Cha Cha Cha

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)