Geert yn de middei fan 19 maaie 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Gé Blauw út De Pein siket plaatsjes fan it âlde boekje fan Piggelmee mei de titel Het Tovervisje. Dit is in hiel âld mearke en Gé hat sels it orizjinele boekje út 1938 yn de kast stean. Mar no siket se noch de plaatsjes yn dit boekje. Der moatte 25 wêze en Gé hat der sels mar sân.

Klazina Agema fan Kollum hat in soan yn Súd-Frankryk. De ôfstân is goed 1200 kilometer. Earst gie Klazina altyd mei de auto, mar dat kin net mear. Dêrom siket se immen dy't har helpe wol om út te sykjen hoe't se mei de trein of it fleantúch nei Súd-Frankryk kin.

Frou Zeldenrust fan De Lemmer siket Klaske Bergsma. Klaske siet ein jierren '60 op it skippersynternaat op De Lemmer. Se wie de bêste freondinne fan Thea, de dochter fan frou Zeldenrust. Thea ferstoar 22 jier lyn. Nei al dy jierren liket it frou Zeldenrust sa moai om werris yn kontakt te kommen mei Thea om te hearren hoe't it mei har giet.

En de hear Dijkstra fan Drachten siket twa âlde wyskes. Syn heit en mem seine dizze wyskes altyd op. Se begjinne mei 'Lytse Jan giet út fiskjen, hiel allinnich hiel fier fuort'. En it oare ferske giet fan 'Yn it lytse doarp Terkaple stie alear ús âldershûs'. Mar wa wit hoe't se fierder gean?

13:08 - Texas Tornado's - Ta Bueno Compadre
13:13 - Taylor Swift - Love Story
13:21 - Wiz Khalifa Feat. Charlie Puth - See You Again
13:37 - Traveling Wilburys - End Of The Line
13:45 - Simon Feenstra - Days
14:05 - Daniel Powter - Jimmy Gets High
14:10 - Rihanna Feat Kanye West & Paul Mccartney - Four Five Seconds
14:15 - Tim Douwsma - Lisa
14:24 - Suzi Quatro - If You Can't Give Me Love
14:31 - B.B. King - Ain't Nobody Home
14:40 - Amazing Stroopwafels - Ik Ga Naar Frankrijk
14:50 - Chordettes - Lollipop
15:04 - Bee Gees - Tragedy
15:18 - Bruce Springsteen - Better Days
15:23 - Weima & Van Der Werf - Lichem En Geast
15:26 - Vanessa Paradis - Be My Baby
15:32 - Tozzi & Raf - Gente Di Mare
15:42 - Gurbe Douwstra - 35+
15:49 - Marco Borsato - Dromen Zijn Bedrog
15:54 - Bob Bouber - Voor Niets

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)