Geert yn de middei fan 19 augustus 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Hjoed gjin Flean der út, want Geert van Tuinen sit by it keatsen yn Weidum. Dêr is hjoed de dames PC. Geert bliuwt derby oan't de lêste slach! Dus ek yn Weistra op Wei en Froskepôlle kinne jo it keatsen folgje.

We belje ek efkes mei Francois Perreau. Hy is de kommandant fan de seekadetten Lemmer. Sy soene meifarre mei Sail ôfronne snein mar harren sleepboat rekke stikken. It wie in grut probleem om in nije sleepboat te finen, mar mei help fan de media is dat slagge. Se lizze no yn Amsterdam. De seekadetten meie meihelpe by de flaggeparade. En harren skip is ynrjochte as hotelskip foar frijwilligers. We sille ris hearre hoe't it dêr is.

De Omrop Camper stiet noch op camping Klein Zwitserland by de Burgumermar. Simone Scheffer fermaket har dêr skoan. Wat soe se no wer by it ein ha?

De scootmobylklup

Francois Perreau, kommandant fan de seekadetten op De Lemmer

Opnij pech foar de seekadetten fan De Lemmer. Ien fan de sleepboaten dy't it âld marineskip fan de kadetten wer nei De Lemmer bringe moat, is stikken. Dat is al de twadde kear, want ferline wike wie in oare sleepboat stikken. It skip moat troch twa skippen sleept en treaun wurde omdat it sels noch net farre mei. Mei troch in oprop op Omrop Fryslân Radio fûnen de kadetten in oaren: in sleepboat út Skarsterbrêge. Dy docht it noch, mar de oare sleepboat is no stikken gien.

De seekadetten ha in âld marineskip, in minefeger, fan de sloop rêden. Frijwilligers binne al jierren dwaande mei it opknappen fan it skip. Der sit no in goede motor yn, mar foardat se dêrmei farre meie, moat it skip noch wol goedkard wurde. En dat kostet jild. Dat jild wolle de seekadetten by Sail Amsterdam fertsjinje troch minsken oan board sliepe te litten. Takom jier moat it skip selsstannich farre kinne.

De kadetten dogge no in oprop foar in oare sleepboat. Binne der minsken dy't in sleepboat witte of sels ien hawwe en it marineskip snein werombringe wolle fan Amsterdam nei De Lemmer, nim dan kontakt op mei kommandant François Perreau fan de Lemster Seekadetten: 06 - 51 08 41 24.

13:07 - Lunchmoney Lewis - Bills
13:22 - Nicky Jam (Ft. Enrique Iglesias) - El Perdon
13:25 - Eddy Dykstra - Efkes Werom
13:33 - Wayne Wade - Lady
13:42 - Rihanna (Ft. Kanye West & Paul Mccartney) - Four Five Seconds
13:45 - Blof - Aanzoek Zonder Ringen
13:51 - Inutero - Simmer
14:04 - Coldplay - Viva La Vida
14:09 - Clean Bandit Feat. Jess Glynne - Rather Be
14:21 - Queen - Another One Bites The Dust
14:27 - Gerson Main - Ik Weet Niet Hoe
14:33 - Juanes - La Camisa Negra
14:37 - Ge Reinders & Piter Wilkens - Nederland (Studio-Fersy)
14:41 - Felix Jaehn & Jasmine Thompson - Ain't Nobody
14:48 - Clout - Substitute
14:54 - Righera - Vamos A La Playa
15:04 - Pharrell Williams - Happy
15:10 - Roberto Jacketti & The Scooters - I Save The Day
15:23 - Vaughn Brothers - Tick Tock
15:32 - Nik Kershaw - I Won't Let The Sun Go Down On Me
15:41 - John Mayer & Ben Harper - Waiting On The World To Change
15:48 - Triggerfinger - I Follow Rivers
15:54 - Los Bravos - Black Is Black

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)