Geert yn de middei fan 18 juny 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Wy folgje hjoed de Koer fan Fryslân wer op syn reis troch de provinsje. De koer wie by Riekje Terpstra-Weersma yn Heech en giet nei Teade Grondsma, ek yn Heech. Teade regelet de preekbeurten, is frijwillich koster yn de Haventsjerke, bringt de liturgy rûn, is lektor by de tsjerke, fytst op de duofyts, rydt op de Tellens-bus, knipt de hagen en sit yn syn frije tiid ek noch by it manljuskoar. In tige aktyf frijwilliger dus!

Wy belje efkes mei Elly de Groot fan De Skûle yn Mitselwier. Sy kin fertelle oer de fersierde wein dêr't bewenners fan De Skûle op sitte. Dizze wike is it doarpsfeest yn Mitselwier, mei freed te moarn fersierde weinen. Omdat de bewenners fan de Skûle "net êfter de geraniums sitte" , ha wy as team fan de aktiviteitenbegeleiding in wein mei in groepke bewenners der op. Sa wolle se elkenien sjen dat "de âldere jeugd" ek noch folop yn it libben stiet.

Fanpost krije as leanbedriuw, it sil net in soad bedriuwen oerkomme. Mar leanbedriuw Brouwer en Brouwer fan Eastermar kin sizze dat se twa jonge froulike fans hawwe. Dit wykein fûnen se in brief yn ien fan de hekken by de Sintrale As, dêr't de meiwurkers hurd oan it wurk binne. In brief fan harren grutste fans, sa die al gau bliken. Twa famkes fan 14 jier, dy't yn it brief ûnder wurden bringe hoe grutsk sy binne op Brouwer en Brouwer.

En wy ha kontakt mei Esther Nauta fan de lytsskalige wengroep yn Bilgaard. In reiske nei it Dolfinarium, dat wie it doel fan seis bewenners fan de lytsskalige wengroep. Mar no liket dêr in dikke reade streek troch te kommen, omdat se gjin ferfier ha. De rolstoelbus dy't reservearre wie, blykt dûbeld boekt te wêzen en dus moasten de bewenners yn Bilgaard teloarsteld wurde. Mar miskien is der help?

Teade Grondsma fan Heech krige de Koer fan Fryslân

Elly de Groot fan De Skûle oer de fersierde wein

Direkteur Eelco Brouwer siket de anonime briefskriuwsters

Omrop Fryslân siket fytsende figuranten

Kijlstra ferfier is de rêdende ingel foar de bewenners fan Bilgaard

13:10 - Stereophonics - Have A Nice Day
13:15 - Meghan Trainor - Lips Are Movin
13:22 - Maisonettes - Heartache Avenue
13:25 - Causes - Teach Me How To Dance With You
13:30 - Toto - Hold The Line
13:34 - Hein Jaap Hilarides - Dobber
13:42 - Simply Red - Something Got Me Started
13:46 - Piter Wilkens - Henkie Cola
13:51 - Gino Vannelli - People Gotta Move
14:06 - Train - Hey Soul Sister
14:12 - Wiebe Kaspers - Dream Mar Leave (Proloog)
14:22 - Abba - Waterloo
14:26 - Magic! - Rude
14:32 - Paco Banton & Ub40 - Baby Come Back
14:43 - John Mayer - Daughters
14:52 - Avicii - The Nights
15:05 - Years & Years - King
15:11 - Enigma - Return To Innocence
15:20 - Bert Hadders En De Nozems - Leesmap
15:26 - Whitney Houston & Enrique Igle - Could I Have This Kiss Forever
15:33 - Bangles - Walk Like An Egyptian
15:40 - Rob De Nijs - Banger Hart
15:45 - Walk The Moon - Shut Up And Dance
15:53 - Mika - Lollipop

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)