Geert yn de middei fan 18 augustus 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Wy binne hjoed op syk nei moaie fakansjeferhalen. Ha jo wat bysûnders mei makke op fakansje, wat geks of leuke minsken moete, fertel it ús. Miskien ha jim wol moaie muzyk heard dy't jo by bleaun is of wêr't in spesjale herinnering oan sit. Jo kinne belje nei 058-2123618 of maile nei Geert@omropfryslan.nl.

Wat ek by de simmer en dus ek by de fakansje heard, binne wespen. Foar de measte minsken hiele ferfelende bisten. Mar wat kinne jo der oan dwaan dat se út de buert bliuwe? Organisaasje Milieu Centraal hat allerhande tips hjirfoar. We binne hjir dan ek benijd nei.
Sjoch ek: www.milieucentraal.nl/wespen.

Nathalie Droesbeke fan de Lemmer is 28 jier en syket minsken dy't har helpe wolle om "Jantjes" te meitsjen. "Jantjes" binne múskes dy't se haakt foar minsken mei Alzheimer, deminsy en Parkinson. Nathalie makke har earste múske foar har beppe dy't Alzheimer en Parkinson hie. Har beppe wie der tige wiis mei en waard der rêstich troch.
Foar mear ynformaasje en it patroan fan de mûs, sjoch op Facebookgroep Muis Jantje.

En we sjogge by Simone Scheffer op de camping by de Burgumermar. It is noch hieltyd súterich waar. Soe se har noch wat fermeitsje?

Marlon Mintjes fan Milieu Centraal oer wespestekken

Nathalie Droesbeke oer haakte Jantjes

13:07 - Los Lobos - Anselma
13:12 - Douwe Bob - Sweet Sunshine
13:15 - Jason Ringenberg - Honky Tonk Maniac From Mars
13:19 - Jason Derulo - Want To Want Me
13:28 - Dire Straits - Walk Of Life
13:34 - Toto Cutugno - L'italiano
13:50 - Ctrl-Alt-Delete - Reade Wyn
13:55 - Sam The Sham & The Pharaohs - Wooly Bully
14:04 - Waylon - Lose It
14:09 - Madcon (Ft. Ray Dalton) - Don't Worry
14:18 - Paul Simon - You Can Call Me Al
14:27 - Avicii & Robbie Williams - The Days
14:33 - Barry Hay - Summer In The City
14:44 - Shuffels - Cha-La-La I Need You
14:55 - Paul Anka - Lonely Boy
15:02 - Steve Miller Band - The Joker
15:08 - Bobby Vinton - Sealed With A Kiss
15:17 - Saskia & Serge - Zomer In Zeeland
15:20 - Mans Zelmerlow - Heroes
15:24 - Spinvis - Wespen Op De Appeltaart (Single Versie)
15:31 - Eric Clapton - Forever Man
15:42 - Dave Barnes - Little Lies
15:46 - Milow - You And Me (In My Pocket)
15:55 - Ronnie & De Ronnies - Beestjes

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)