Geert yn de middei fan 17 maart 2015 13:00

Omrop Help is wer foar jo yn it spier. Dit kear gean wy foar frou Scheringa út Drachten op syk nei de melodij fan it ferske Aren út Skelpen. Frou Scheringa hat dit nûmer eartiids op akkordeon noch mei Kobus en Sybe spile yn Drachten. Mar nei't har man ferstoar, rekke se de akkordeon moannenlang net oan. Sa stadichoan kriget se der lykwols wer wat nocht oan en hat se in digitale akkordeon kocht. Mar de melodij fan Aren út Skelpen is se kwyt. Dus Omrop Help gong op syk nei in oplossing.

En foar Jocé Betten út Grou geane wy op syk nei in tante Gerda. Jocé is postbesoarger en siket al twa wiken lang nei dizze tante Gerda. Se hat in aansichtkaart yn har posttas, mar hjir stiet gjin adres op. As it goed is wennet dizze tante Gerda op de Mr. PJ Troelstrawei yn Grou, mar Jocé kin har net fine. Witte jo wa't dizze frou is?

Sieb Kinderman fan Gytsjerk is ta beslút op syk nei it boek Fan bûgjend frjemd. Hy wit net wa't it boek krekt skreaun hat, mar it giet oer twa manlju dy’t by de grins op wacht lizze. It ferhaal waard foarlêzen op de knapeklup, dêr't Kinderman as jonge by siet. Hy wie doe in jier as tolve. Wa wit wêr't dit boek is of hat 'm sels yn de kast stean en wol him wol kwyt?

Kinne jo ús helpe? Wy hearre it graach. Jo kinne maile nei geert@omropfryslan.nl of sms nei 06 20 499 199. Belje kin ek nei 058 212 3618.

Frou Scheringa siket de melodij fan Aren út skelpen

Postbesoarger Jocé Betten siket tante Gerda yn Grou

Sieb Kinderman wol graach it boek Fan bûgjen frjemd

Harke Iedema biedt syn boek oan

13:10 - Steve Wariner - Get Back
13:16 - Dotan - Fall
13:27 - Imagine Dragons - I Bet My Life
13:32 - Die Twa - Tiden Binne Tiden
13:35 - Police - Every Little Thing She Does Is Magic
13:42 - First Aid Kit - My Silver Lining
13:45 - Allez Mama - 30 Soorten Vrouwen
13:50 - Sam Tsui & Casey Brieves - Thinking Out Loud / I'm Not The Only One Mash Up
14:05 - Adele - Rolling In The Deep
14:12 - Diff - Jealousy
14:19 - Vangrail - Libben Nei De Leafde
14:28 - Madness - House Of Fun
14:34 - Simon Feenstra - Starting All Over Again
14:37 - Michael Prins & Caprice Van Hout - Fear Not
14:44 - Pyt Paulusma & Debbie Sledge - Ferry Tailor
14:49 - John Hallyday - Pour Moi La Vie Commencer
14:53 - Sheppard - Geronimo
15:06 - Rick James - Superfreak
15:11 - The Cardigans - My Favourite Game
15:14 - Curtis Mayfield - Move On Up
15:22 - Avicii & Robbie Williams - The Days
15:26 - Racoon - Guilty
15:32 - Dido - Don't Leave Home
15:35 - Acda & De Munnik - Heel Soms
15:43 - Fleetwood Mac - Dreams

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)