Geert yn de middei fan 17 augustus 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Geert yn de middei wurdt hjoed ôftrape troch Sita van Keimpema, foarsitter fan de Dutch Dairy Board. Dat is de feriening fan Nederlânske melkfeehâlders. Sy is ek twadde foarsitter fan de European Milkboard. Sy is dus in hiel wichtige frou yn eins in mannewrâld. Genôch reden dus om fierder yn de kunde te kommen mei Sita van Keimpema.

Fansels gean we hjoed ek wer de grins oer. We sjogge by Sandra Plantinga yn Eastenryk. Sy hat mei har man it appartemintekompleks 'Haus am Wald' yn Steindorf, in doarpke oan de Ossiacher See yn Karintië. Se binne ein 2013 fanút Kollum emigreard.
En we hearre efkes hoe't it mei Wopke Schaafstal yn Beijing is. Hy wurket dêr as arsjitekt. Syn Sineeske frou wurket by de VN.

Fansels ha we ek dizze wike wer kontakt mei Marijke Hornstra. Sy is op de fyts op wrâldreis troch Súd-Amearika. Foarige wike fytste sy mei har freon Jelte troch Kolombia. Is it dêr wol feilich? Wêr binne se no?

It Nederlands Dagblad organisearret kuiertochten yn it ramt fan 70 jier frijheid. Yn augustus en septimber is dat yn Fryslân. Op 21 augustus is de kuiertocht yn en om De Jouwer en stiet de oerfal op it distribúsjekantoar en bonnen op de swarte merk sintraal. Op 22 augustus is it by Koarnwertersân. Op 25 septimber stiet de oerfal op it Huis van Bewaring yn Ljouwert sintraal en op 26 septimber yn De Haule giet it oer de wurkferskaffing en de ferjilding.
Teus van Harten hat alles regele en kin ús der dan ek alles oer fertelle.
Jo kinne jo noch opjaan by Teus van Harten: 06-38286475 of fia t.vanharten@kpnmail.nl

Jan Hessel en Sandra Plantinga ha in appartemintekompleks Haus am Wald yn Steindorf, Eastenryk

Marijke Hornstra op de fyts ûnderweis yn Kolombia

Teus van Harten oer de kuiertochten yn 't ramt fan 70 jier befrijing

Wopke Schaafstal fanút Beijing

13:07 - Texas Tornado's - Dinero
13:11 - Nielson - Sexy Als Ik Dans
13:28 - Herman's Hermits - No Milk Today
13:34 - Righiera - No Tengo Dinero
13:48 - Golden Earring - Radar Love
14:03 - Shania Twain - Whose Bed Have Your Boots Been Under?
14:09 - Kenny B - Parijs
14:20 - Bryan Ferry - Let's Stick Together
14:23 - First Aid Kit - My Silver Lining
14:27 - Johnny Cash & Willie Nelson - Ghostriders In The Sky
14:34 - Wiegels Wjukkelmasine - Yn De Rein
14:47 - Eddy Dykstra & Sons - Nim My Mei
15:03 - Sweet - Love Is Like Oxygen
15:08 - Omi - Cheerleader
15:18 - Paco - Amor De Mis Amores
15:29 - Lost Frequencies - Are You With Me
15:33 - Madness - Embarrassment
15:45 - Simply Red - Something Got Me Started
15:54 - Rolling Stones - Brown Sugar

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)