Geert yn de middei fan 16 april 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Wy folgje hjoed wer de koer fan Fryslân, dy't ûnderweis is troch Fryslân. Hy wie by Anneke Jagersma út Drachten en giet nei Sonja Kuik yn Haulerwyk.

Nanning Kazemier hat in Fryske tekst skreaun op "Oh My Boy" fan Elvis Presley foar syn ferstoarne soan Gerjon. Gerjon ferûngelokke ferline jier op in ûnbewaakte spoarweioergong yn Winsum (Grinslân). Nanning hat in stifting oprjochte om dizze spoarweioergongen allegearre bewaakt te krijgen. Op de side fan de Gerjon Stifting is "Gerjon, mien jonge" te hearren. http://www.gkstichting.nl

Albert de Graaf komt by ús yn de studio. Hy is ien fan de sân dielnimmers dy't in donororgaan krigen hat en no op twadde pinksterdei de Alvestêdetocht fytse sil.

Wy belje efkes mei Ronald Visser, eigener fan Amicaal. Hy organisearret no sneon 18 april de kelnerrace yn Grou. Dielnimmers moatte mei in fol blêd in parkoers ôflizze oer it Halbertsmaplein. It duo dat mei it measte bier yn de glêzen yn de rapste tiid oer de einstreek komt, hat wûn. Dit is it begjin fan it nije wettersportseizoen.

Yn Snits wurdt sneon de allerearste Herman Brood skoech yntrodusearre. Op dizze skuon stean de keunstwurken fan de ferneamde skilder. De skuon binne makke troch Cor Rameau en Ron Schiedon en wurde presintearre by it bedriuw fan Paul van Goor, MyriadM. Sjoch ek www.customcomfort.nl.

Sneon organisearret Schietsportvereniging Drachten harren jierlikse iepen dei. By sjitsport tinke in soad minsken oan in gefaarlike sport, mar is it wier sa gefaarlik of falt dat wol in slachje ta? Wy freegje it oan Klaas Stienstra fan de feriening.

Nanning Cazemier oer de Gerjon Kazemier Stifting

Albert de Graaf fytst Alvestêdetocht mei donorlever

Sonja Kuik fan Haulerwyk hat de koer fan Fryslân krigen

Paul van Goor oer de presintaasje fan de Herman Brood skuon sneon yn Snits

13:10 - Traveling Wilburys - Handle With Care
13:15 - Simon Webbe - No Worries
13:19 - Echosmith - Cool Kids
13:25 - Feetwarmers - Rooie Star
13:31 - Matthew Wilder - Break My Stride
13:50 - Bruno Mars - The Lazy Song
13:53 - Omi - Cheerleader
14:05 - Doobie Brothers - Long Train Running
14:10 - Vanvelzen - Call It Luck
14:23 - Anouk - Good God
14:25 - Rod Steward Adams, Bryan & Sting - All For Love
14:32 - Survivor - Eye Of The Tiger
14:42 - Marcel Smit - Foar Elkoar
14:49 - Nielson & Miss Montreal - Hoe
14:52 - Ian Dury - Sex & Drugs & Rock & Roll
15:05 - Aswad - Shine
15:11 - Teach In - Ding-A-Dong
15:15 - Scene - Iedereen Is Van De Wereld
15:27 - Sam Smith - I'm Not The Only One
15:33 - Narada Michael Walden - Gimme Gimme Gimme
15:45 - Twarres - Wer Bisto (Hit-Fersy)
15:52 - Adam And The Ants - Stands And Deliver

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)