Geert yn de middei fan 13 july 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Geert van Tuinen siket fan 'e middei de muzikale grins op mei skriuwer en stedsdichter Henk van der Veer. Oan de hân fan syn top trije mei platen út 60-tiger, 70-tiger en 80-tiger jierren dûke beide manlju werom yn de tiid. En fansels wurdt der praat oer it nije boek fan Henk van der Veer, mei de titel Blauwe engel over mijn borst.

En fansels giet Geert de grins oer. Sa belje wy wer ris efkes mei Gretha Wijbenga. Gretha wennet yn Frankryk, dêr't se in Bed and Breakfast en in gite (fakansjehûs) hat. Har man hat in makelerij. Yn it wykein fan 4 en 5 july wie it grut feest, want sy hienen in 'famous wedding'. Musicalstjerren Wieneke Remmers en Rein Kolpa trouden by harren op it hiem. Samar ynienen stiet it fakânsjehûs mei foto's en al yn de Party. Dus Gretha siet noch mear op in rôze wolk as it troude stel sels.

En wy ha wer efkes kontakt mei Marijke Hornstra, dy't mei har freon Jelte noch altyd drok oan it fytsen is troch Súd-Amearika. Hoe giet it? Binne se Ekwador al hast út?

En Timo Jepkema stiet dizze wike mei de Omrop camper op camping De Kuilart yn Koudum. Wat er dêr allegear belibbet? Hearst it by Geert yn de middei!

Gretha Wijbenga út Frankryk

Marijke Hornstra út Ekwador

Wytse van der Schaar oer de alvestêdetocht op de wetterfyts

13:07 - Mark Knopfler & Emmylou Harris - Red Staggerwing
13:12 - Jess Glynne - Hold My Hand
13:24 - Golden Earring - Another 45 Miles
13:32 - Andre Van Duin - Als De Zon Schijnt
13:44 - Boudewijn De Groot - Avond
14:04 - Girls Aloud - Love Machine
14:10 - Nits - In The Dutch Mountains
14:20 - Fleetwood Mac - Go Your Own Way
14:29 - Jewel Akens - The Birds And The Bees
14:34 - Michel Fugain & Le Big Bazar - Le Printemps
14:45 - Adele - Set Fire To The Rain
14:54 - Jaap Louwes - In Drinkliet (Cd Fratsen)
15:04 - Kool & The Gang - Celebration
15:11 - Rubettes - I Can Do It
15:15 - Joan Osborne - One Of Us
15:28 - Chris Rea - I Can Hear Your Heart Beat
15:34 - Anneke Douma - De Woanark
15:44 - Anouk - New Day
15:55 - Bellowhead - New York Girls

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)