Geert yn de middei fan 13 augustus 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

We pakke de Koer wer op. De koer wie by Hetty Sijtsma yn Drylts en sy brocht de koer by Ruurd Abma ek yn Drylts. Wêrom hat Ruurd de koer fertsjinne? We sille it hearre. En dan moat Ruurd fansels ek wer de koer trochjaan.

Wendy Stoker jout har fêste baan op en begjint foar harsels as persoanlik reisadviseur. Is dat net dreech yn dizze ûnwisse tiid? De measte minsken boeke harren fakânsje fia ynternet. Sels reisburo's komme der hast net mear oan te pas. En wat docht sa'n persoanlik reisadviseur eins?

René Koster sit noch op de camping De Holle Poarte yn Makkum. Wat belibbet hy dizze middei wer?

Drumband de Makro's út Burgum is op syk nei in lyraspiler foar de jeugddrumband. Wat docht in lyra spiler? Hokker ynstrumint is dat eins? Is it makkelik te learen? Foarsitter Freark de Hoop fertelt it ús. Bern kinne harren opjaan fia 06-41060676.

Margriet de Haan en Theo Aronds komme nei de studio om te fertellen oer de bankreüny.
Foar it earst sil der in reüny holden wurde foar al it âld-personiel fan de girobank út Ljouwert. Yn de jierren '70 krige de bank in festiging yn Ljouwert en waard dêrmei fuort ek de grutste wurkjouwer yn de omjouwing. In hiel soad minsken krigen in relaasje op it wurk, dus sa ûntstie der in hiele hechte groep minsken. Yn al dy jierren is der nea in reüny holden. Dêrom is it no heech tiid, fynt Margriet de Haan. Mei in hiel groep minsken is sy drok dwaande om de reüny op te setten. En sy binne fansels ek op syk nei 'bankstellen', minsken dy't inoar moete ha op de bank en sûnt dy tiid in steltsje binne.
Reüniste kinne har opjaan fia reuniepostbank@gmail.com of de facebookpagina Reünie Postbank Leeuwarden.

Wendy Stoker, reisadviseur

Ruurd Abma hat de koer krigen

Foarsitter Freark de Hoop fan drumband de Makro's út Burgum

Margiet de Haan en Theo Aronds oer de Postbank reüny

13:09 - Marco Borsato - Binnen
13:16 - Beand & Skep - Moai Waar
13:22 - Cock Robin - The Promise You Made
13:26 - Omi - Cheerleader
13:31 - Die Twa - Famke Fan Myn Dreamen
13:35 - Kaoma - Lambada
13:47 - Mary J. Blige + George Michael - As
13:52 - Nick & Simon - Pak Maar M'n Hand (Út Scheepsjongens Bontekoe)
14:05 - John Mayer - Wildfire
14:12 - Magic - Rude
14:27 - Phil Collins - You Can't Hurry Love
14:33 - O-Zone - Dragostea Din Tei
14:45 - R.E.M. - Shiny Happy People
14:52 - Christine & The Queens - Christine
15:04 - Lunchmoney Lewis - Bills
15:10 - The Kik - De Zomer En Jij
15:19 - London Beat - I've Been Thinking About You
15:28 - Emeli Sande - Next To Me
15:33 - Jess Glynne - Hold My Hand
15:46 - Vangrail - Te Veel Voor Mij
15:53 - Coldplay - Yellow

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)