Geert yn de middei fan 12 oktober 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

De ôftraap fan dizze Geert yn de middei wurdt jûn troch Stef Avezaat, direkteur fan skouboarch De Lawei yn Drachten. De Lawei hat in rûzige tiid efter de rêch, mei de rjochtsaak tsjin boubedriuw Van Norel. Troch de saak lei de ferbou fan de skouboarch lange tiid stil. Yntusken is de grutte seal al wer in skoftke iepen en wie der koartlyn wer ris oanlieding foar in feestje. Doe waard in spesjale seal iepene, dy't de namme fan akteur Rutger Hauer krige. In moai momint om ris mei de direkteur werom te sjen op de ôfrûne perioade.

En fansels gean wy wer de grins oer! Dit kear ha wy wer in middei fol mei famylje. Maaike van der Veen út Feanwâlden hat trije bern en allegear wenje se yn it bûtenlân. Har dochter Marta wennet yn Nij Seelân, soan Arie yn Amearika en soan Wiebe yn Antwerpen. Hoe is dat, om de bern sa fier fuort te hawwen? En hoe giet it mei harren? Wy belje se efkes!

Marta vd Ploeg-v.d. Veen út Australië

Arie van der Veen út Brooklyn, New York

Wiebe van der Veen út Antwerpen

de drone fan Rick Boelsma

Gerrit de Boer docht ferslach út Nepal

13:11 - Swamp - Otras Y Otras
13:15 - Piter Wilkens - Gerryt Sinnema's Video Terreur
13:29 - Jimi Hendrix - Voodoo Chile
13:37 - Cardigans - Carnival
14:06 - Sonny & Cher - I Got You Babe
14:11 - A-Ha - Touchy
14:21 - Gary Moore - Still Got The Blues
14:29 - Dotan - Let The River In
14:34 - James Morrison - Wonderful World
14:44 - Bastille - Pompeii
15:04 - Timeless - Where Is The Love
15:16 - Ancora - Word Zeeman
15:25 - Frank Stallone - Far From Over
15:31 - Michael Jackson - Don't Stop 'til You Get Enough
15:44 - E.L.O. - Don't Bring Me Down
15:53 - Willie Nelson & Ray Charles - Seven Spanish Angels

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)