Geert yn de middei fan 12 maaie 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Geert van Tuinen giet hjoed wer foar jo op syk nei allerhanne saken dy't jo kwyt binne. Sa siket Auke Spijksma út Burdaard it boek De Gouden Uurtjes voor de Jeugd oer de Coop Condensfabriek. Hy wit krekt hoe't it boek der útsjocht, mar fine kin er it net mear .

Els Swart siket al in skoftke nei de partituer fan it ferske 'Ik zou wel eens willen weten' fan Jules de Corte. Els hat sels in tekst skreaun op de melodij, mar siket dêrfoar noch de partituer fan it ferske.

Nyckle de Jong fan Jobbegea iet as lyts mantsje mar wat graach saneamde 'blauwe koeke', dy't bakker Houkema fan De Pein bakte. Mar tsjintwurdich is der hielendal gjin blauwe koeke mear te krijen. Nei in syktocht hat Nyckle yntusken it resept foar blauwe koeke opskarrele, mar no siket er ferhalen fan minsken dy't witte hokker bakkers noch mear dizze koeke makken.

Janna Visser út Dokkum wol ta beslut graach it spultsje Racko hawwe. Se siket it foar twa goeie freondinnen fan har. Sels hat se noch wol in spultsje yn de kast, mar dat is al sa âld en fersliten. Wa hat dit spultsje thús lizzen en brûkt it net mear?

Ha jo ien fan boppesteande saken? Of witte jo hokker bakker noch mear 'blauwe koeke' bakte? Wy hearre it graach! Jo kinne tiisdei tusken 13.00 en 16.00 belje mei 058 299 7880 of stjoer in appke of sms'ke nei 06 20 499 199. Maile kin ek nei geert@omropfryslan.nl.

Omrop Fryslân is op syk nei...
25 maaie is Omrop Fryslân der wer by. De Alvestêdefytstocht ! Wy binne op syk nei famyljeferhalen. Stiet jo famylje op pinstermoandei alle jierren wer gehiel yn it teken fan DE tocht? Fytse jo mei je man, frou, broer, sus, tante, omke of pake- en beppesizzers ? Of is dit it lêste jier dat jo famylje mei meardere generaasjes de tocht noch ien kear fytse wol. Miskien komt in tante of omke wol út it bûtenlân oer, om de tocht noch ien kear te fytsen mei de rest fan de famylje. Koartsein; moaie alvestêdetochtfamyljeferhalen. Dy sykje wy !!!
Ha jo der ien ? Belje ús 058-2997811 of mail nei hea@omropfryslan.nl

En it is hjoed de dei fan de ferpleging. We belje efkes mei ferpleechster Jacoba Wagenaar út Drachten. Sy wurket op de ôfdieling geriatry fan it MCL yn Ljouwert. Hat sy al in blomke of taartsje hân, is sy hjoed ekstra yn it sintsje setten?

Oprop foar fytsfamyljes dy't fyts alvestêdetocht fytse

13:08 - Captain Gumbo - Allons A Lafayette
13:12 - Avicii - The Nights
13:21 - Diggelfjoer - Heit Mei 'k Mei (Live)
13:28 - Jelle B - Mooi
13:33 - Fiction Factory - Feels Like Heaven
13:42 - Hecht - Foto Fan Eartiids
14:04 - Ben Saunders - Dry Your Eyes
14:11 - Griet Wiersma - Genietsje Fan Disse Dei
14:20 - Van Morrison - Brown Eyed Girl
14:24 - Bert Hadders En De Nozems - Beloofde Laand
14:34 - George Harrison - Got My Mind Set On You
14:46 - Gerbrich Van Dekken - Nei Wytze Ta
14:52 - Who - You Better You Bet
15:04 - Creedence Clearwater Revival - Up Around The Bend
15:08 - Donna Lewis - I Love You Always Forever
15:18 - Jules De Corte - Ik Zou Wel Eens Willen Weten
15:27 - Kygo - Stole The Show
15:35 - Dan Hartman - Relight My Fire
15:43 - Die Twa - Sinnewaarmte
15:51 - Ed Sheeran - Lego House
15:54 - Joe Dassin - Les Champs Des Elysees

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)