Geert yn de middei fan 11 maaie 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Geert siket fan 'e middei de muzikale grins op mei keatser Taeke Triemstra oan de hân fan syn top trije mei platen út 60-tiger, 70-tiger en 80-tiger jierren. In muzikaal en sportyf begjin fan dizze Geert yn de middei!

De 4-jierrige Jonah Veenstra út Wolvega is slim siik. Ferline jier augustus waard der by him neuroblastoomkanker fase 4 konstatearre. Om syn oerlibbingskânsen te fergrutsjen giet er yn augustus foar in healjier nei Amearika foar in immunoterapy. Mar sa'n reis kostet in hiel soad jild, sa'n 80- oant 100.000 euro. Dêrom is der in stichting oprjochte om dit jild yn te sammeljen. En 14 juny is der in spesjale benefytdei. Sjoch op www.stichtingvriendenvanjonah.nl wat jo dwaan kinne!

En fansels gean wy wer de grins oer. Wy belje foar it earst mei Jeljer Bouma. Hy sit yn Berlyn, wennet yn Prenzlauer Berg en wurket yn Kreuzberg. Jeljer hat earst in skoftke yn in restaurant wurke dêr't er wat Dútsk leard hat, mar wurket no yn in ekstern callcenter foar in grut elektroanikabedriuw. En wy ha foar it earst kontakt mei Dubai, dêr't Michiel Visser op dit stuit sit. Michiel wennet gewoanwei yn Tailân, mar hy is no op besite by in freon yn Dubai.

Hoe is it mei Marijke's fytstocht? Ferline wike moast Marijke Hornstra stokstiif stilstean yn 'e tún om in goeie ferbining te hawwen út Perû mei Fryslân. Marijke is tegearre mei har freon Jelte ûnderweis nei Ekwador. En de tocht giet noch folle fierder, want it úteinlike doel is Alaska. Ris sjen hoefier't se al binne!

Jeljer Bouma út Wurdum, mar no yn Berlyn

Aksje foar de 4-jierrige Jonah Veenstra út Wolvegea

Marijke's fytstocht

Michiel Visser, fan oarsprong út Dokkum, reizget de wrâld oer

13:09 - Texas Tornados - Soy De San Luis
13:14 - Ellie Goulding - Love Me Like You Do
13:27 - Bob Marley - One Love / People Get Ready
13:32 - Flock Of Seagulls A - The More You Live The More You Love
13:52 - Bon Jovi - Bed Of Roses (Single Version)
14:03 - Amy Macdonald - This Pretty Face
14:10 - Common Linnets - We Don't Make The Wind Blow
14:14 - The Kik - Het Is Een Mooie Dag
14:23 - Kenny Rogers & Dolly Parton - Islands In The Stream
14:28 - Four Lads - Standing On The Corner
14:33 - Billy Joel - You're Only Human
14:44 - Agnes Sambrink - Mei Dy Leaf
15:04 - Peter Gabriel - Solsbury Hill
15:10 - Blues Traveler - Hook
15:22 - Wiebe Kaspers - Dream Mar Leave (Proloog)
15:26 - 3Js - Je Vecht Nooit Alleen
15:31 - Four Tops - Loco In Acapulco
15:43 - Piter Wilkens - It Paad Werom
15:54 - Freddy Quinn - Junge Komm Bald Wieder

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)