Geert yn de middei fan 11 juny 2015 13:00

It is wer tongersdei, dus hjoed folgje wy de Koer fan Fryslân wer op syn tocht troch de provinsje. De koer wie by Jeltje Hemstra en giet nei Riekje Terpstra yn Heech. Riekje is in echte doch-it-sels-frou, hat eartiids in broer en skoansuster ferlern en hat doe de bern yn hûs naam en grutbrocht. Ek is se bestjoerslid fan it koar, âlderling fan 'e tsjerke en giet elke simmer op fakânsje mei sike minsken nei Doorn.

We belje efkes mei Tim Runia út Snits. Hy is yn de race om de nije presintator fan it reisprogramma 3 Op Reis fan BNN te wurden. Tim hat in eigen filmke nei BNN stjoerd en is doe selektearre as ien fan de 18 kandidaten. Hy hat fjouwer dagen op reis west mei Jan Versteegh en Geraldine Kemper. Dizze ôfleverings binne op 18 en 19 juny op televyzje te sjen. Tim moat no safolle mooglik stimmen ha om troch te gean nei de folgjende ronde. Stimme kin op www.backpack.bnn.nl.

De trainees fan Omrop Fryslân binne dizze simmer te finen op festivals rûnom yn Fryslân: fan in metalfestival by de Aldehou oant in heimsinnich hippyfeest by de Griene Stjer. Foar, op en nei de festivals dogge wy op social media ferslach mei foto's en filmkes. Johanna en Suzanne kinne ús der alles oer fertelle. Wolsto ek meidwaan? Sjoch op www.omropfryslan.nl/content/festivette-oanmelde.

En yn Stiens wurdt hjoed de earste edysje fan it Stienser filmfestival holden. Seis films, makke troch de ynwenners fan Stiens, stride om de Stienzer Oscars. Der binne prizen foar Bêste Film, Bêste Akteur en Bêste Aktrise. Hoe komme se sa by dit idee? En wa binne de kânshawwers? Nico Woudwyk sit yn de organisaasje en praat ús by.

Tim Runia út Snits is kandidaat foar presintator fan 3 op Reis

Riekje Terpstra yn Heech krige de Koer fan Fryslân

Omrop Fryslân giet der op út mei Festivette

Nico Woudwyk oer it Stienzer Filmfestival

13:10 - Crystal Fighters - You & I
13:17 - Daniel Lohues - De Wereld In De Zunne
13:22 - Racoon - Guilty
13:26 - Wilson Phillips - Hold On
13:34 - Eurythmics - There Must Be An Angel
13:38 - George Harrison - Between The Devil And The Deep Blue Sea
13:47 - Walk The Moon - Shut Up And Dance
13:51 - Grytz & Grize - Kanjer
14:06 - Peter Fox - Haus Am See
14:12 - Nielson - Sexy Als Ik Dans
14:26 - John Travolta & Olivia Newton-John - Summer Nights
14:34 - Maroon 5 - Sugar
14:44 - Riddim_X - Altyd Mar Rinne (Nw)
15:07 - Sister Sledge - He's The Greatest Dancer
15:13 - Jess Glynne - Hold My Hand
15:22 - Clarence Clemens & Jack Brown - You're A Friend Of Mine
15:27 - Beand Baas & Smarige Skep - Wachtsje Op Foarutgong
15:33 - Of Monsters And Men - Little Talks
15:42 - Armand & The Kik - Snelle Jongens
15:49 - Aretha Franklin - Respect

Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)