Geert yn de middei fan 10 augustus 2015 13:00

Geert yn de middei wurdt hjoed sportyf ôftrape troch ús muzikale gast Fenna Zeinstra. Njonken fanatyk follybalster kinne wy har fansels ek fan it keatsen. Ein july makke se bekend op te hâlden mei de keatssport. In beslút dat fêst net fan de iene op de oare dei makke is. Wat foar ferhaal sit hjir achter en hoe emosjoneel is sa'n ôfskied?

Fansels geane wy hjoed wer de grins oer. Gerrit Schaaf sit foar syn stúdzje yn Japan, mar is fanwege de fakânsje tafallich wer efkes yn Fryslân. Hy is fan 'e middei te gast by ús yn de studio om te fertellen oer syn aventoeren yn Japan. En der is sûnt 13 april - de lêste kear dat wy mei him bellen - hiel wat feroare yn syn libben, ûnder oare troch de leafde...

Wy besykje ek wer kontakt te krijen mei Marijke Hornstra, dy't op wrâldreis is troch Súd-Amearika. Op dit stuit is se tegearre mei freon Jelte yn Kolombia. Hoe is de reis oant no ta gong? Wat ha se allegear belibbe?

En hoe giet it mei ús model Milou Groenewoud? Wêr is sy mei dwaande? Hat se noch spannende fotoshoots hân?

Gerrit Schaaf giet wer nei Japan

Marijke's fytstocht

Milou Groenewoud

13:08 - Los Super Seven - Margarita
13:14 - Beand & Skep - Moai Waar
13:37 - Eddie Cochran - Summertime Blues
13:47 - Queen - Love Of My Life
14:04 - Mavericks - Dance The Night Away
14:14 - Ariana Grande - One Last Time
14:23 - Small Faces - Lazy Sunday
14:31 - Maywood - Mother How Are You Today
14:36 - Sheryl Crow - Soak Up The Sun
14:51 - Daniel Lohues - De Wereld In De Zunne
15:04 - George Baker Selection - Little Green Bag
15:11 - Boudewijn De Groot - Witte Muur
15:25 - Ricky Martin - Maria
15:32 - Starship - Nothing's Gonna Stop Us Now
15:40 - Country Wytske & Dubbel Accoord - As In Fiskje Yn It Wetter
15:49 - Ilse Delange - World Of Hurt
15:55 - Stranglers - Golden Brown

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)