Geert yn de middei fan 1 septimber 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

It is tiisdei, dus wer tiid foar Omrop Help.

Frou Huisma út Grou siket ien dy't wit hoe't jo fan in krante in taske of beurske teare kin. Frou Huisma is al 91 jier mar wol dit och sa graach nochris dwaan. Doe't se lyts wie makke se mei krantepapier op de basisskoalle fan kranten in taske. Lykas in boatsje teare fan krantepapier, mar dan in dûbel taske dêr't se ferskate gekleurde papierkes yn dienen. En dat ruilen de famkes dan wer meielkoar op skoalle. No wit frou Huisma noch wol hoe't se in boatsje fouwe kin, mar hoe tearden jo ek mar wer sa'n dûbel taske?

Nynke van der Kooi is op syk nei in ferske dat faak draaid waard by de Omrop tidens de Alvestêdetocht fan 1985 en 1986. Se wit allinnich dat it refrein einiget mei: it is karnaval yn Fryslân mei de Alvestêdetocht. Wa wit om hokker ferske it giet?

Teake van der Wey fan Bakkefean siket it boek Stenka Rasin. Hy wit net wa't it skreaun hat. It boek giet oer in oarloch fan 200 jier lyn en spilet him ôf oan de Don yn Ruslân. Dat leit njonken de Krim en de Oekraïne. Haadrolspiler Stenka Rasin fjochtet tsjin it bewâld. Teake hat it boek hân mar hat it útliend en net wer weromkrigen.

Mieke van Veenen wol har sweager graach helpe. Har sweager Henk Huisman hie yn 1985, 1986 en 1997 de Alvestêdetocht riden en dus ek de krúskes krigen. Hy wennet yn België en nei in wykein Fryslân kamen se thús en stie it hûs op de kop. Der wie ynbrutsen en alles wie fuort. De kasten, de muorren en fansels de klûs, alles wie leechhelle en meinaam. Dus ek de Alvestêdekrúskes. Dat fûn Henk noch it alderslimst. Mieke van Veenen wol him graach helpe en freget har ôf oft der miskien ien is dy't Henk oan in sa'n krúske helpe kin. It sil wol tige dreech wurde, mar ja jo witte it nea!!

Ha jo ien fan dizze saken yn de kast stean of ha jo de oplossing fan ien fan ús fragen? Lit it ús witte! Belje kin nei 058 299 7880 of stjoer in mailtsje nei geert@omropfryslan.nl. SMS'e of appe kin ek nei 06 20 499 199. En sykje jo sels wat? Ek dan kinne jo kontakt mei ús opnimme. Wa wit gean wy ynkoarten foar jo op syk!

Fryslân hat folop moaie froulju, dat witte wy yntusken wol. Mar der rint noch genôch nij model-talint om, sa die juster bliken by it RTL5 programma I Can Make You A Supermodel. Dêr wiene Agnes Abma fan Ljouwert en Chanise Kuipers út Stiens te sjen. Beide froulju binne by ús yn de studio te gast!

It karnavalsliet fan Nynke van der Kooi

Tet Rozendal miste har boat nei Ingelân

Topmodellen Agnes Abma en Chanise Kuipers

11:06 - Pitbull (Ft. John Ryan) - Fireball
11:09 - John Newman - Come And Get It
11:19 - Wham - Wake Me Up Before You Gogo
11:23 - Piter Wilkens - It Paad Werom (Simmer 2000 Live)
11:32 - Sake - Ee
11:36 - Cher - Believe
11:41 - Abba - Lay All Your Love On Me
11:46 - George Ezra - Barcelona
11:50 - Doede Veeman - De Begraffenis Fan Omke Wopke

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)