Geert yn de middei fan 1 oktober 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Op dizze earste prachtige hjerstdei fan oktober ha wy in programma fol mei moaie ferhalen. Fansels begjinne wy wer mei de Koer fan Fryslân, dy't sûnt foarige wike op De Jouwer is. Wy brochten de koer by Elvera Jansen, dy't him op har beurt trochjûn hat oan Marjon Zijta. Ek sy is frijwilliger by Miks Welzijn. En se hoecht har thús net te ferfelen mei trije bern en in baan by in ynstelling foar bern mei in beheining.

Mirjam Kooi komt nei de studio om te fertellen oer it Mearkefestival yn Burgum. Freed 23 en sneon 24 oktober stiet Burgum yn it ramt fan moaie folksferhalen en mearkes. Ferskate ferhalefertellers fertelle ferrassende en bekende ferhalen út de regio. Wolsto ek meidwaan? Jou dy op troch te mailen nei mirjam@juwelier-kooi.nl. Of sjoch op www.mearkesfestival.nl.

Wa't ek graach fertelle mei is Bonny Vermeesch fan Abeona Coaching en Huiswerkbegeleiding yn Ljouwert. Tegearre mei har kollega is sy in ynsammelingsaksje start om lêsboeken yn te sammeljen foar bern fan flechtlingen dy't nei it WTC yn Ljouwert komme. Doel is om dizze bern no al yn kontakt te bringen mei de Nederlânske taal. Hasto noch boekjes? Bring se nei De Tuinen 19 yn Ljouwert of sjoch op www.abeonaleeuwarden.com.

En wy belje wer efkes mei Patrick van der Meulen út Ljouwert. Hy is mei syn broer Milan yn Amearika, Miami, en krijt dêr fan 'e middei in milieutraining fan Al Gore. Se krije oer in healoere foar it earst in taspraak fan Al Gore. Minsken fan oer de hiele wrâld binne dêr oanwêzich. In spannend momint, dus wy belje efkes om te freegjen oft beide jonges de senuwen noch wat de baas binne.

Marjon Zijta krige de Koer fan Fryslân

Mirjam Kooi en Baukje de Boer fertelle oer it Mearkefestival

Harkje nei Tet Rozendal

Patrick en Milan van der Meulen folgen de training fan Al Gore

Bonny Vermeesch sammelet boekjes yn foar flechtlingen

13:10 - Onerepublic - Counting Stars
13:16 - Anouk - Dominique
13:23 - De Kast - Moarn Sil De Sinne Skine
13:27 - Incognito - Don't You Worry 'bout A Thing
13:34 - The Kik - Cupido
13:37 - Queen & George Michael - Somebody To Love
13:49 - Weima & Van Der Werf - Hjoed Is Fantastysk

14:06 - Black Eyed Peas - Don't Lie
14:12 - Felix Jaehn & Jasmine Thompson - Ain't Nobody
14:26 - Blof - Oktober
14:32 - Wham - Wake Me Up Before You Gogo
14:43 - Celine Dion - I'm Alive
14:51 - Kenny B - Parijs

15:04 - Overdrive Bachman, Turner - You Ain't Seen Nothing Yet
15:10 - Madcon (Ft. Ray Dalton) - Don't Worry
15:17 - Frank Boeijen Groep - Kronenburg Park
15:27 - Sixpence None The Richer - Kiss Me
15:33 - Lisa Stansfield - All Around The World
15:41 - Nick & Simon - Julia
15:44 - Faydee Shaggy (Ft. Mohombi & Costi) - I Need Your Love
15:53 - Dolly Parton - 9 To 5

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)