Geert yn de middei fan 1 juny 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

De muzikale ôftraap fan de middei wurdt hjoed dien troch Michiel Schrier út Drachtsterkompenije. Hy sit sûnt koart foar de SP yn it nije kolleezje fan Deputearre Steaten. Oan de hân fan syn favorite platen út de jierren '60, '70 en '80 gean we werom yn de tiid.

Wy gean hjoed de grins wer oer! Sa belje wy mei de fytsfroulju Nathalie en Daniëlle, dy't fan sneon ôf op de fyts ûnderweis binne nei Santiago de Compostella yn Spanje. Se ha beide in eigen goed doel en in moai persoanlik ferhaal wêrom't se dit dogge.

Ek belje wy wer mei Marijke Hornstra, dy't nei in swiere tocht hieltyd tichteby de grins fan Perû en Ekwador komt.

En wy ha kontakt mei Noarwegen, dêr't Benny en Wilma Blumers út Sint-Anne sûnt desimber 2012 wenje. Benny wie altyd timmerman, mar rekke syn wurk kwyt. Dat wie it momint dat se de knoop trochhakten. Op nei Noarwegen!

Fan Noarwegen reizgje wy in oere letter nei Brazilië, dêr't Fokke Tolsma op dit stuit sit. Hy is ferkeapleider by CVR yn Latynsk-Amearika. Hy sit op dit stuit yn Brazilië en jout dêr kursussen oer kij, de fokkerij en ynseminaasje. Hy reizget foar de CVR troch hiel Latynsk-Amearika en belânet sa yn in soad ferskillende lannen en kultueren.

Wilma Blumers fanút Noarwegen

We folgje Nathalie en Daniëlle dy't nei Santiago de Compostella fytse

Fokke Tolsma fanút Brazilië

13:07 - Avicii - The Nights
13:13 - Common Linnets - We Don't Make The Wind Blow
13:32 - Nick & Simon - Geluksmoment
13:44 - Boudewijn De Groot - Jimmy
13:51 - Talking Heads - Once In A Lifetime
14:04 - Gym Class Heroes - Cupid's Chokehold
14:11 - Seinabo Sey - Younger (Kygo-Remix)
14:25 - Alanis Morissette - Ironic
14:32 - Mark Ronson Ft Bruno Mars - Uptown Funk
14:46 - Gurbe Douwstra - Kertier Oer Fiven
14:50 - Carly Rae Jepsen - Call Me Maybe
14:54 - Laura Jansen - Golden
15:04 - Michael Mcdonald - Sweet Freedom
15:14 - Syb - Ien Klap
15:17 - Sarah Mclachlan - Adia
15:22 - Marcel Smit - Goudsjeblom
15:25 - Jennifer Brown - Tuesday Afternoon
15:33 - Coldplay - Paradise
15:45 - Gretchen Wilson - Redneck Woman
15:53 - Rommy - De Gouden Ring (Frysk)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)