Geert yn de middei fan 1 july 2015 13:00

Wy fleane der hjoed wer út. Ferslachjouwer Timo Jepkema smiet fan 'e moarn it pylkje op de kaart fan Fryslân en kaam út op Heech! Hjir is Timo de hiele middei te finen om yn dit plakje live bydragen te meitsjen. Dus ha jo nijsgjirrich nijs oer Heech? Witte jo wêr't de moaie ferhalen te finen binne? Of hawwe jo de kofje klear? Wy hearre it graach.

Jo kinne jo ideeën maile nei geert@omropfryslan.nl of belje mei 058 299 7880. SMS'e of appe kin ek nei 06 20 499 199.

De eed ôflizze foardast oan it wurk meist. Fan akkountants, bankiers, advokaten, dokters en plysjeminsken kinne wy it al. Mar no moatte ek brânwachtminsken en sels frijwilligers by de brânwacht de eed ôflizze. En dat binne der nochal wat, hjir yn Fryslân. Dus sprekke hiel wat Friezen de kommende wiken de eed "Dat ûnthjit en ferklearje ik"of "Sa wier helpe my God Almachtich." Mar hoe sit dit no krekt? Wy freegje it oan Wim Kleinhuis, algemien direkteur fan de Veiligheidsregio Fryslân en sûnt hjoed boppedat kommandant.

Ek ha wy gasten yn de studio. Monique van Hezel is ien fan de inisjatyfnimmers fan it earste spikerdoarp yn Easterbierrum. Se hat sponsors regele en der binne boppedat al in hiel soad oanmeldings. De reaskjes binne oerweldigjend. It spikerdoarp wurdt op 6, 7 en 8 july holden op it keatsfjild yn Easterbierrum. Monique sil ús der alles oer fertelle.

En fotograaf Sipco Feenstra komt nei de studio! Hy hat mei in lisfyts de trije Fryslannen bereizgje (dus ek Ostfriesland en Nordfriesland yn Dútslân). Fan dy reis hat er in boek en fotoreportaazje makke, mei de titel 'Mit dem Ding'. In seleksje fan dy foto's hinget no op in tentoanstelling. Wat is der krekt te sjen op dy foto's?

Wim Kleinhuis, algemien direkteur fan de Feiligheidsregio Fryslân

Monique van Hezel oer it spikerdoarp yn Easterbierrum

Fotograaf Sipco Feenstra

Suppe mei Jildou Visser yn Heech

Rob van Roessel oer de tjotters yn Heech

Timo Jepkema op besite by De Boeier

Talma State fiert 5-jierrich jubileum

Harm Haanstra is de driuwende krêft efter VV Heech

13:10 - Eternal - I Wanna Be The Only One
13:15 - Kenny B - Parijs
13:23 - Skraal - Sinnebril
13:26 - Nicky Jam (Ft. Enrique Iglesias) - El Perdon
13:33 - Michel Telo - Ai Se Eu Te Pego
13:36 - Pet Shop Boys + Dusty Springfield - What Have I Done To Deserve This
13:44 - Ace Of Base - All That She Wants
13:47 - Neil Diamond - Beautiful Noise
14:05 - Sophie Ellis-Bextor - Murder On The Dancefloor
14:11 - Coldplay - A Sky Full Of Stars
14:16 - Lost Frequencies - Are You With Me
14:26 - Twarres - I Need To Know
14:34 - Imagine Dragons - On Top Of The World
14:43 - Daniel Lohues - De Wereld In De Zunne
14:53 - Ariana Grande - One Last Time
15:05 - Jess Glynne - Hold My Hand
15:11 - Re-Play - Kijk Om Je Heen
15:23 - Howdy Boys - Simmer
15:26 - Aswad - Shine
15:33 - Baseballs - Umbrella
15:42 - Gotye (Ft Kimbra) - Somebody That I Used To Know
15:49 - George Baker Selection - Paloma Blanca
15:52 - Joe Cocker - Summer In The City

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)