Fryslân Pop Jubileum fan 26 desimber 2012

Fryslân Pop hat op 8 desimber 2012 har 25-jierrich bestean fierd yn de Harmonie mei in prachtich programma. Yn dat programma wiene âlde en bands fan no oanelkoar keppele. Dêrtroch ûnstiene moaie kombinaasjes mei in spetterjend resultaat. Omrop Fryslân hat der opnames fan makke en jûn yn diel 1 kinne jo sjen nei û.o. The Security & Garments, Egbert van der Werff, Linde Nijland & Yellow House 21 en Jankobus Seunnenga & Barry Nice and The Nice Guys. Wim Brons sil efter de skermen ynterviews hâlde mei de dielnimmende bands.

Diel dit berjocht op:
Fryslân Pop Jubileum, Garments

Fryslân Pop Jubileum

Registraasje fan it 25-jierrige jubileumkonsert fan Fryslân Pop. Dit programma wurdt werhelle op televyzje yn trije dielen op woansdei 3 july, woansdei 10 july en op 17 july.
(advertinsje)