Fryslân fan 'e moarn fan 7 septimber 2016 06:00

  • Spiler wurdt laden

* Dat der wynmûnen op de kop fan de Ofslútdyk komme liket wol aardich wis, mar hoefolle en hoe heech, dat moat noch betocht wurde.
* Oer in pear jier stean der wer mear manlju foar de klasse, want it oantal ynskriuwings foar de pabo is folle mear as oare jierren.
* De Albert Heijn fan Frjentsjer is it fitaalste bedriuw fan Fryslân.
* De ferbreding fan de slûzen fan Koarnwertersân betsjut in soad nije banen yn de gemeente Súdwest-Fryslân.
* De Dutch Solar Challenge, de sinneboatrace, foel juster yn de prizen, sy krigen de Duorsume Tiisdeipriis.
* It nije stúdzjejier is begongen: mear studinten, fúzjebesprekkings en in ferbouwing meitsje it ta in drok jier op Stenden.
* De Vries Makkum kin aanst folle gruttere skippen bouwe, no't de plannen foar de ferbreding fan de slûzen by Koarnwertersân werklikheid lykje te wurden.

Gast fan de Dei - Tjitte Wierdsma

Sels ha se it oer in unyk en miskien wol histoarysk barren yn de Ljouwerter muzykwrâld. Fiif koaren wurkje sûnt koart mei-inoar gear op it mêd fan lede- en fûnsewerving, promoasje, en organisaasje fan konserten.

Dêr is in nije stichting foar oprjochte, de stichting Musica Leoverdia. Yn totaal 200 koarsjongers binne dêr lid fan. Ien fan dy sjongers is Tjitte Wierdsma, hy is siktaris fan de stichting.

De Meunsternimmer - Henk vd Veer

De Toan - Eelke Lok

06:08 - Waterboys - The Whole Of The Moon
06:17 - Nick & Simon - Een Nieuwe Dag
06:21 - Sam Feldt X Lucas & Steve (Ft. Wulf) - Summer On You
06:37 - Murk Aukema - Story Like Yours
06:49 - Gabriel Rios - Broad Daylight

07:18 - Gavin James - Nervous (The Ooh Song)
07:43 - De Kast - Ik Ha Dy Leaf

08:15 - Listenbee - Save Me
08:40 - Sytse Haima - Ik Wol Witte
08:50 - Charlie Puth (Ft. Selena Gomez) - We Don't Talk Anymore

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)