Fryslân fan 'e moarn fan 6 oktober 2015 06:00

De ûnderwerpen fan hjoed:
* Flechtlingen op 16 oktober nei de opfang yn WTC-Expo yn Ljouwert. It fuortset ûnderwiis yn Ljouwert is klear foar de komst fan de bern fan de flechtlingen
* Yllegale seehûnehelpers krije dochs gjin straf fan de rjochter
* Kultureel Sintrum De Skâns op De Gordyk soarget op 'e nij foar ferdieldheid. Mar de gemeenterie liket foar nijbou te kiezen
* Sportferienings bûten Ljouwert noch hieltyd ûntefreden oer tariven
* Fúzje Antoniussoarchgroep mei Kwadrant giet oer
* Sportferienings Warkum wike út foar langere opfang flechtlingen
* De flagge kin út op It Hearrenfean. De Armeense Nazan mei mei har húshâlding yn Nederlân bliuwe

De toan fan fan 'e moarn: Willem Schoorstra

Soms komme dingen byinoar. Foarige wike hie ik in lyts petear mei in grut pleitbesoarger fan it Frysk. In entûsjast en posityf minske dat alles docht om de rykdom en it belang fan de taal oer it fuotljocht te krijen. Op in stuit hiene wy it deroer hoe’t it kin dat guon minsken al dy foardielen en rykdom net sjogge, of net sjen wolle. Dat dy foar de striid soargje yn it begryp taalstriid. Dat se in minderheidstaal blykber gelyk stelle oan minderweardich, en mei sa’n totalitêre hâlding op in ienfoarmigens ta wolle dêr’t jim tsjinner de pantalon fan op de ankels sakket. En dy fan myn peteargenoat ek, trouwens.

Twa dagen dêrnei kamen de earste berjochten oer de Slauerhoff-lêzing fan Rudi Wester nei bûten. Soksoarte lêzings fan Friezen om utens binne bedoeld om de boel hjir wat op te skodzjen, om te prikeljen en te stikeljen. It rare is dat sokke Friezen om utens it ynterpretearje as leechlizzen, generalisearjen en beledigjen. Oars kin ik in tal opmerkings fan frou Wester net ferklearje. Nei in lamentaasje oer de kras op de siel dy’t se fan har Kulturele Haadstêd-aventoer oerhâlden hat, fûn se it noadich om Ljouwert, en Fryslân yn it algemien, derfan te beskuldigjen dat it ‘benepen’ is, en noch altyd ‘eangst foar it frjemde’ hat. Partikuliere konklúzjes, dy’t earder op rankune basearre lykje, as dat se wat mei de realiteit te krijen ha.

Mar dêrmei wie se noch net útskiten. Want nei alle skynbere frustraasje kaam noch in klapper fan komsa, nammentlik: hoe lomp as Friezen binne as se harren yn it bywêzen fan Hollanners net ferbrekke wolle. Wêrom dogge se dat, frege Wester har ôf. Meartaligens hat ommers allinne mar foardielen, is toch rykdom?

Yn ’t foarste plak soe ik graach namme en adres fan dy net-ferbrekkers ha wolle. Dat moatte minsken fan in absurd lyts mindertal wêze, want it grutte punt is no krekt dat Friezen harren fierstente fluch en fierstente faak ferbrekke. Yn it twadde plak is it net allinne in ûnnoazele opmerking, mar ek ien dy’t tsjûget fan in hautêne, elitêre en paternalistyske hâlding foar it Frysk oer. Unnoazel om’t se seit dat twa- of meartaligens inkeld foardielen hat, rykdom is; mar sokke kwalifikaasjes blykber net jilde foar in sprekker fan in dominante taal, ek net as dy yn in regio is dêr’t de minderheidstaal sprutsen wurdt. Wa moat him wêr ferbrekke, of yn alle gefallen in taal ferstean kinne? Tagelyk is it in hautêne en paternalistyske opmerking, omdat se dêrmei blike lit dat it Frysk op syn heechst folkloristyske wearde hat.

Afijn, de boel is opskodde, der is prikele en stikele en Fryskpraters witte no dat se harren, ek yn de eigen provinsje, altyd en oeral ferbrekke moatte.

Ien treast: de striid dêr’t sprekkers fan in minderheidstaal ta twongen wurde, jildt stadichoan ek foar dominantere talen, lykas it Hollânsk. De noed is grut dat it Hollânsk troch it Ingelsk ferkrongen wurdt. Skriuwer René Appel hâlde yn De Volkskrant in betooch om it Hollânsk te behâlden, in groep classici publisearre in manifest Tot het behoud van het Nederlands en Ad Verbruggen fan Beter Onderwijs Nederland makke him yn it NRC lulk oer it fer-Ingelskjen dat oan ’e gong is.

Sa sjocht men dat rûnom folken, grut en lyts, noed ha oer it fuortbestean fan de eigen taal. De Ieren (dy’t nei Wales sjogge om te learen hoe’t se de problemen oanpakke moatte), de Skotten, mar ek de Súd-Afrikaners, bygelyks. It leechlizzen en fergriemen fan watfoar taal ek mar, is slim negatyf en beskamsum. Taal hat te krijen mei yntellektuele en kulturele soevereinens, en draacht by oan in ynklusive – yn ús gefal Fryske - identiteit dy’t boppe kleur en leauwe útgiet.

Noch ien ding: yn it Súd-Afrikaanske Paarl is in monumint dat de erkenning fan de taal betinkt. Op it paad dêrhinne lizze tegels mei de tekst: ‘Dit is ons erns.’

It is ús ek tinken.

De Toan fan Willem Schoorstra

Meunsternimmer Jeanet de Jong

06:12 - Pretenders - Don't Get Me Wrong
06:19 - First Aid Kit - My Silver Lining
06:25 - Motors - Airport
06:35 - Arthur Baker - Love Is The Message
06:48 - Titiyo - Come Along
06:57 - Beand & Skep - Moai Waar
07:18 - Phil Collins - You Can't Hurry Love
08:14 - Shola Ama - You Might Need Somebody
08:43 - Dotan - Home

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)