Fryslân fan 'e moarn fan 6 maaie 2016 06:00

  • Spiler wurdt laden

- Fryslân stie twa minuten stil om de deaden te betinken.
- Ald-fersetsman Roel Roosma fan Bûtenpost tinkt werom oan de Twadde Wrâldoarloch.
- Hurddravers wiene al ier en betiid al op 'en paad om it befrijingsfjoer fanút Wageningen nei Ljouwert te bringen.
- De kjeld fan de ôfrûne dagen kin hynders fataal wurde. En dat komt troch it gers.
- It fallisemint fan taksybedriuw Klomp is in moaie ynstruier foar Waaksma fan Koatstertille.
- Kolumnist Ferdinand de Jong sit al in wike yn Sibearië. En dêr is it kâld.
- Douwe Heeringa presintearret in bysûndere útstjoering fan Op en Ut - op tongersdei.
- De fyts- en fuotgongersbrêge yn de Reigerstrjitte yn Dokkum komt der net.
- De lomkebmerk yn Ljouwert is dit jier net op it reguliere plak yn de binnenstêd

Blog Ferdinand de Jong diel 5

Ik hie al sein dat woansdei myn lêste reisblog wurde soe, mar doe wie ik fansels noch net thús. Dus frege Jacob of ik de lêste dei yn Sibearië ek noch beskriuwe woe. No, dat fyn ik wol aardich, want dan kin ik jim even fertelle dat it iis yn de hockeyhal fan Kayerkan der tiptop by lei. De assistint-manager ûntfong ús mei in rige oan ekskuzes dat hy en net de heechste fan de aperots der wie. Hindere neat want dizze koe it ek wol pratende hâlde. Hy wie hartstikkene grutsk op syn iisbaan, dat striele er hielendal út. Fansels krigen wy in rûnlieding en kofje yn it kantoar fan de baas. Wy ha even praten oer it opfieden fan bern en folwoeksenen yn it algemien en yn de sport yn it bysûnder.

Ik wit net of jim it wolris sjoen ha, mar it kaam earder wolris foar dat bygelyks in follybalcoach fan Russyske komôf by in time out ien fan de spylster in klap joech, omdat se har taken net útfierde sa as hy dat opdroegen hie. Ik frege of dat yn de wrâld fan de Russyske sport normaal wie. Sawol myn tolk as de manager laken. Doe sette de semybaas útein mei in leske dissipline. As der gjin dissipline is, komme der ek gjin resultaten. Dêr kaam it referaat op del. Dus ja, hy hie eartiids ek wol mei heit syn riem klappen op de kont krigen. Lara, myn tolk, knikte. Sy ek. Mar de wrâld feroaret, fersuchte de assistint-manager. Der binne hjoed-de-dei âlders dy't miene de rol fan de mentoaren oernimme te moatten. En dat is it begjin fan de ein, sa sei er.

Wy kinne net sûnder dissipline, dan wurdt it in binde. Dus as in coach ien fan de hockeyjonges even geweken nimt, is dat foar syn eigen bestwil. Mar se ha hjir godbetert no al in telefoannûmer dêr't de bern hinne belje kinne as se op de bealch krije, fersuchte er. Myn reisliedster Yulia, in tige kreaze jonge mem, siet der ek by. Ik frege har wat sy der no fan fûn. Har roots lizze yn de kâldste oblast fan Ruslân, dêr't it winters samar -50 is. Sy sei: as myn soan thúskomt mei it ferhaal dat er in tik fan in learaar krigen hat, sis ik dat er it fertsjinne hie en dat de learaar altyd gelyk hat. Aldus in tige ûntwikkele jongedame fan 35 mei twa iPhones, seis mink bûntjassen en alle westerske lúkse dy'tst mar betinke kinst.

Myn blogs binne no echt dien. Norilsk en omjouwing ha djippe yndruk op my makke. Se fûnen it dêr sa frjemd dat ik der wie, dat Omrop Sibearië der in item oan weage hat. Se sille my de bylden stjoere, ha se tasein. Ik bin no wer thús en nim der mar ien op. Nastrovje!

Lês hjir it foarige blog fan Ferdinand de Jong.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra sjocht op it boerebedriuw fan Bertus Hoekman yn Easthim

06:08 - Joe Cocker - Summer In The City
06:16 - Skik - Op Fietse
06:21 - Dua Lipa - Be The One
06:37 - Janneke De Boer - Myn Hert
06:49 - E.L.O. - Mr. Blue Sky

07:20 - Douwe Bob - Slow Down
07:45 - Albert Bonnema & Rients Gratama - Wat Is Leafde

08:16 - Toad The Wet Sprocket - Walk On The Ocean
08:41 - Sake - Broken
08:50 - Duke Dumont - Ocean Drive

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)