Fryslân fan 'e moarn fan 6 augustus 2015 06:00

  • Spiler wurdt laden

* Stichting Groene Ster Duurzaam spant hjoed in koart pleit oan tsjin de gemeente Ljouwert, om oerlêst fan it Psy Fi festival foar te kommen
* Makkum begûn juster as de grutte favoryt oan de 113e edysje fan de Freule, en de keatsers wisten de favoriterol wier te meitsjen. Al gong dat net altyd like maklik..
* In projekt fan tsientûzenen euro's moat der foar soargje dat natoergebiet Easterskar by It Hearrenfean minder lêst hat fan de droechte
* De Jonge Jasper pakte juster har earste oerwinning by de IFKS en giet no oan de lieding yn it klassemint

* In anonime jildsjitter út Fryslân stelt twa fakânsjebungalows beskikber oan famyljes mei in minimum ynkommen
* Doarpshûs 't Buurthuus yn Noardwâlde hat grutte plannen mei de 40.000 euro dy't se fan it Oranje Fûns krigen hat
* De ôfrûne trije dagen wienen der trije ûngelokken mei deadlike ôfrin yn Fryslân. Dat falt ek letselekspert Anno Pot op

De meunsternimmer - Karin Sitalsing

De Toan - Bart Kingma

Gast fan de Dei - Carolien Wierks fan de drive-in bioskoop

Anno Pot is letselskea-ekspert by Wolthers Jagersma Advokaten op It Hearrenfean

De ôfrûne dagen hawwe der in protte ferkearsûngelokken mei deadlike ôfrin yn Fryslân west. Moandei gong it mis by in kop-sturtbotsing op de A7 tusken It Hearrenfean en De Jouwer. In dei letter kaam in man yn Steggerda om it libben doe't er mei syn auto yn in greppel telâne kaam. En woansdei is yn Drachten in motorrider ferstoarn nei in botsing mei in transportbus. Dit betsjut ek in soad wurk foar letselskea-eksperts.

06:09 - Womack & Womack - Teardrops (Radio Mix)
06:18 - Piter Wilkens - Simmerwrald
06:26 - Common Linnets - We Don't Make The Wind Blow
06:36 - Connells - '74 - '75
06:48 - Alain Clark - Back In My World
07:20 - Ariana Grande - One Last Time
07:45 - Jon Anderson - Hold On To Love
08:14 - Scott Fitzgerald & Yvonne Keel - If I Had Words
08:20 - Mory Kante - Ye Ke Ye Ke
08:24 - Lost Frequencies - Are You With Me
08:36 - Cranberries - Just My Imagination
08:44 - Madcon (Ft. Ray Dalton) - Don't Worry

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)