Fryslân fan 'e moarn fan 4 maaie 2016 06:00

  • Spiler wurdt laden

*Bunker yn it Noarderleech by Hallum opknapt mei jild fan it Waadfûns
*Bûn Fryske Fûgelwachten docht oprop om ljippen yn maislân te beskermjen
*Ald-kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel grutsk op studintestêd Ljouwert
*4 maaie is it nasjonale deadebetinking. Wat betsjut dat foar Friezen, 71 jier nei de befrijing?
*Fjouwer Fryske gemeenten sjogge út nei de besite fan de kening en keninginne
*Fuotbalbûn KNVB docht net genôch tsjin diskriminaasje op it fjild
*Swimbad De Frosk op De Westereen moat nije wike ticht

Blog Ferdinand de Jong diel 4

Yn myn lêste reisblog moat ik it mar tajaan. In soad saken hjir binne net wat se lykje. As je op de bûtenkant ôfgean soenen, is der rûk noch smaak oan dizze Arktyske stêd. Mar dat hat alles mei de omstannichheden te krijen. Lûk in doar iepen en alles wurdt oars. Sa binne der hiele gesellige kafees efter doarren dêr't je earder in needslachter ferwachtsje soenen. In oare tagong dy't hast wol pânsere liket, blykt de yngong fan in kreaze supermerk dêr't jo, neffens ien dy't it witte moatte soe, op de boppeste planke de beste vodka fine. Gewoan njonken de babypoeier en it maandverband.

Noch in moai foarbyld fan mislieding troch byldfoarming is te sjen oan wjerssiden fan de dyk nei Talnach. In oanienskeakeling fan nuveraardige bousels. Kris kras hjir en der delkwakt, sa as it liket. Dit binne de saneamde datsja's. De simmerhúskes fan de befolking. Teminsten, fan dyselden dy't it betelje kinne, want net elts is sa ryk as de grûn dêr't se op libje.

De Russen binne gek op harren datsja. Omdat de earste dagen fan maaie foar myn reisorganisators wol frije dagen wienen, waard ik útnûge om mei harren nei harren datsja te gean foar shashli. Yn geef Frysk is dat: Wolst mei ús by min 16 yn in sniebuike nei de camping om te Weberjen. Tuurlik. Mei in taksy dy kant út en dan tusken alle bouwurken troch nei it plak fan bestemming.

Gjin caravans lykas op de gemiddelde camping yn Fryslân, dy soenen it hjir yn dizze wrede waarsomstannichheden net lang folhâlde. Nee, yn in soad gefallen ien as twa skeakele seekonteners. En opnij: Neat is wat it liket. Doe't de doar fan de datsja iepen gie, fielde ik de waarmte al. Stroom, LCD tv, wetter, magnetron. Alles siet der yn. Mar tradysje bliuwt tradysje. Earst moasten wy trije vodka's ha. Pas dan koe de de barbecue bûtendoar oanstutsen wurde. Nei in healoere opstarten snapte ik wol wêrom en wie mar wat bliid mei noch in pear glêzen antyfries.

Al mei al hearlik iten en in soad praten. Want dat fine se moai, dy Russen. Prate. Doe't wy wêrom nei de stêd soenen, bliek de taksysjauffeur al ien yn de auto te hawwen. In Rus mei aardich wat op. Sûnder pardon waard de man yn de Siberyske kjeld út de auto setten en mochten wy der yn. It is soms better om mar net om útlis te freegjen, want neat is hjir wat it liket...

Lês hjir it foarige blog fan Ferdinand de Jong.

Meunsternimmer Hendrikje Talsma

Diskusje oer deadebetinking 4 maaie

It is 71 jier lyn dat Nederlân troch Allieerde troepen frijmakke waard fan de Dútske besetter. Woansdei stiet om 20.00 oere it folsleine lân stil om de deaden fan de Twadde Wrâldoarloch te betinken. Ek de minsken dy't omkaam binne yn oare konfliktgebieten wurde betocht.

De ôfrûne dagen wie der op social media diskusje oft 4 maaie noch hieltyd wol betocht wurde moast. Benammen by de rol fan Nederlân yn bepaalde konfliktgebieten wurde fraachtekens set. Ek fine guon minsken dat it al te lang lyn is om der noch sa wiidweidich by stil te stean.

De Toan fan Eelke Lok

Ferslachjouwer Hayo Bootsma by de opbou fan it festival Oerrock (1)

Ferslachjouwer Hayo Bootsma by de opbou fan it festival Oerrock (2)

06:09 - Nik Kershaw - Wouldn't It Be Good
06:17 - Nielson - Sexy Als Ik Dans
06:21 - Sam Smith - Writings On The Wall
06:27 - Fleetwood Mac - Don't Stop
06:36 - Jack Bottleneck - No Way
06:48 - James Blunt - You're Beautiful
06:53 - Coldplay - Magic

07:18 - Xavier Rudd - Follow The Sun
07:47 - Marcel Smit - Omstekeard

08:16 - Hootie & The Blowfish - Only Wanna Be With You
08:41 - Daniel Lohues - De Zunne En De Maon
08:50 - Marco Borsato & Matt Simons - Breng Me Naar Het Water

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)