Fryslân fan 'e moarn fan 4 jannewaris 2016 06:00

- It Reade Krús moat mooglik mobile EHBO-posten ynsette foar flechtlingen dy't op strjitte telâne komme.
- Strop foar Alvestêdehal Ljouwert nei koartsluting yn ferdielkast, de hal is fjouwer dagen ticht.
- Utstalling Animal Inside Out yn it Natuermuseum Fryslân hat it dûbele tal besikers lutsen as ferwachte: 60.000 minsken kamen te sjen.

- Daan Breeuwsma sûnder te riden nei brûns op NK shorttrack.
- NK maraton foar de sechsde kear proai foar Arjan Stroetinga fan Waskemar.

De gast fan de dei is boargemaster Bert Wassink fan Skylge, hy fertelt oer nut en needsaak fan de nijjiersresepsje.

De meunsternimmer fan dizze moandei is Albert van Keimpema en de kollum komt fan Nynke van der Zee.

De live-ferslachjouwer Joline Dalstra is yn Drachten en Wolvegea. Foar pasjinten moat it makliker wurde om in klacht yn te tsjinjen. Dêrfoar is der no de nije wet. Dy wet is al earder troch de Earste Keamer oannaam, mar pas dit jier sil de oerheid der op tasjen dat soarchynstellings har der ek oan hâlde. Der wurdt in soad ferwachte fan de nije klachte-funksjonarissen. Mar, dy moatte fansels ek oplieden wurden. En dat bart ûnder oare yn Wolvegea, yn it ekspertisesintrum Quasir.

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge

Meunsternimmer Albert van Keimpema

Klachtefunksjonaris Henny van der Werf fan Nij Smellinghe

Anja Scheper fan Quasir

06:09 - Nolan Sisters - I'm In The Mood For Dancing
06:16 - Veldhuis & Kemper - Ik Wou Dat Ik Jou Was
06:20 - Coldplay - Adventure Of A Lifetime
06:41 - Dotan - Hungry
06:48 - Zipp - Zo Bijzonder

07:18 - Tim Finn - Fraction Too Much Friction
07:44 - Shawn Mendes - Stitches

08:14 - Chef' Special - In Your Arms
08:41 - Charlie Puth (Ft. Meghan Trainor) - Marvin Gaye
08:47 - Berlin - Take My Breath Away

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)