Fryslân fan 'e moarn fan 30 novimber 2016 06:00

*Nederlands Bijbelgenootschap lilk omdat de Griene Bibel fan útjouwerij Jongbloed dochs net makke blykt te wêzen fan recycle papier.
*Op it provinsjehûs moatte mear jonge minsken oan it wurk. Amtenaren boppe de 60 jier kinne dêrom oeren ynleverje.
*Kuorbalferiening LDODK wint thús op De Gordyk mei 31-26 fan fan AW.DTV út Amsterdam.
*Plysje en gemeenten yn Fryslân, Grinslân en Drinte sette yn op previnsje-aksjes tsjin ynbraken.
*Undernimmers yn Noard-Nederlân sette har yn foar de takomst fan fleanfjild Eelde. Hoe libbet dat by ûndernimmers yn Fryslân?
*Opfangorganisaasje Zienn hat ekstra bêden beskikber fanwegen de froast. In lyts groepke betize minsken is lykwols net wolkom.

Dirk Reitsma oer selsmakke snert

De earste froast hat alwer oer it lân west, moarn is it de earste dei fan desimber, en dat betsjut dat it wer tiid wurdt foar winterkost. Snert en boerekoal. Dy kinne je fansels kant en klear yn de supermerk keapje, mar eigenmakke is fansels folle lekkerder, en hielendal net sa dreech. Dirk Reitsma fertelt.

Meunsternimmer Henk van der Veer

De Toan fan Eelke Lok

Ferslachjouwer Timo Jepkema praat mei depotmanager Marcel Flapper

It is hast wer desimber, en dat betsjut dat it drokke dagen binne foar de pakjebesoargers fan PostNL. Yn it hiele lân draaie de sortearsintra op folle krêft. En yn Ljouwert.

Ferslachjouwer Timo Jepkema mei ien fan it postsortearsintrum

06:09 - Spargo - One Night Affair
06:17 - De Dijk - Bloedend Hart
06:21 - Shawn Mendes - Treat You Better
06:37 - Murk Aukema - Still Love You Anyway

07:44 - Justin Timberlake - Can't Stop The Feeling

08:17 - Sam Smith - Like I Can
08:40 - Ljoubjr De Band - Myn Eigen Wei
08:47 - John Legend - Love Me Now

Diel dit berjocht op:

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 6.00 oant 9.00 oere.
(advertinsje)