Fryslân fan 'e moarn fan 3 desimber 2015 06:00

* Littenseradiel wol dochs flechtlingen opfange, no't it COA lytsere lokaasjes tastiet;
* De gemeenteried fan De Fryske Marren is noch net oertsjûge fan de needsaak fan in krematoarium yn Aldehaske;
* Ljouwert wol better taret wêze op grutte eveneminten;

* Frysk studintebedriuw stapt yn de âldereinsoarch;
* By it referindum yn april kin der yn Ljouwert op minder plakken stimd wurde as gewoanwei.

De Meunsternimmer is Botte Jellema. Hy hat it oer it opstappen fan Hein van der Ree by Buma Stemra en de pûde jild dy't er meikrijt.

De kollum is fan Bart Kingma.

De Gast fan de Dei is Trudy Vervaart. Se is al 26 jier aktyf yn mienskipssintrum De Klameare yn Warkum. Dit sintrum bestiet hjoed 50 jier. It jubileum wurdt fierd mei in reüny, iepen poadium en muzyk. It is tagelyk ek in bytsje it ôfskied fan De Klameare, yn febrewaris sille se ferhúzje nei it eardere stedhûs fan Warkum.

It is hjoed wrâldhendikeptedei. Ferslachjouwer Gerrit de Boer is op de skoalle de Súdwester yn Snits, dêr't bern mei in beheining hjoed in spesjale sportles krije. Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân is ien fan de inisjatyfnimmers.

De Meunsternimmer Botte Jellema

De Toan fan Bart Kingma

Gast fan de Dei Trudy Vervaart

Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân oer it plan om beheinden om it sporten te krijen yn Fryslân

06:10 - Mike Oldfield - Moonlight Shadow
06:17 - Frank Boeijen Groep - Zwart Wit
06:20 - Sam Hunt - Take Your Time
06:50 - Meghan Trainor - All About That Bass

07:18 - Crowded House - Don't Dream It's Over
07:45 - Filous (Ft. James Hersey) - How Hard I Try

08:15 - Backstreet Boys - Quit Playing Games (With My Heart)
08:40 - Nico & Vinz - Am I Wrong

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)