Fryslân fan 'e moarn fan 29 april 2016 06:00

  • Spiler wurdt laden

* Feriene Lofts wol dat alle gemeenten dy't oandielhâlder binne by Caparis, de gong fan saken yn de gemeenteried beprate.
* Gemeenteried fan Dantumadiel wol nije wike al prate oer in trochstart fan swimbad De Frosk.
* First Kids Cop wol alle Sisalokaasjes iepenhâlde, mar dan moatte alle âlden wol mei oergean.
* De sûnenssoarch kin aanst net mear sûnder sûne spultsjes.
* Gemeenten krije miljoenen ekstra foar yntegraasje fan statushâlders.
* Toanielferiening Rjocht en sljocht fan De Tynje grutte winner by amateurtoanielprizen.

De Meunsternimmer is Siebe Annema. Hy praat oer de sin en ûnsin fan Keningsdei en de kollum is fan Nynke Sietsma.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra sjocht by in camping yn Aldegea (Sm.). It is maaiefakânsje, mar min waar. Hokker ynfloed hat it waar op de campinggasten? En op de campingeigeners? En wat is no eins in glamourtinte?

Blog Ferdinand de Jong, diel 1: Swarte snie

Ferdinand de Jong is skriuwer fan Fryske boeken en hy is ien kear yn de wike kollumnist yn dit programma. Op dit stuit sit er net thús, yn Boarnburgum, mar yn Norilsk yn Sibearië. Norilsk is in stêd mei in soad fersmoargjende yndustry, folslein fan de bûtenwrâld ôfsletten, eins sa as yn de tiid fan de âlde Sovjet-Uny. Ferdinand krige it foar elkoar om in fisum te krijen, sadat er ûndersyk dwaan kin foar syn nije roman. De regio spile trouwens ek al in rol yn syn earste roman Guozzeflecht. De kommende tiid leart er Norilsk dus kennen ûnder begelieding fan in gids en in tolk. Yn it programma Fryslân fan 'e moarn en op dizze side is syn reisblog te folgjen. Hjoed ôflevering 1!

Meunsternimmer Siebe Annema

De Toan fan Nynke Sietsma

Ferslachjouwer Bauke Deelstra praat mei de eigener fan de camping yn Aldegea (Sm.)

Ferslachjouwer Bauke Deelstra praat mei campinggasten

06:10 - Rick Astley - Never Gonna Give You Up
06:18 - Gers Pardoel - Ik Neem Je Mee
06:22 - Shawn Mendes - Stitches
06:36 - Brandewyn - Boogy Woogy Myntsje
06:46 - Michael Buble - Haven't Met You Yet
06:53 - Cats - Let's Dance

07:19 - Lukas Graham - 7 Years
07:44 - Bricquebec - Ien Kear

08:14 - Madonna - Vogue
08:42 - Gaatze - De Leste
08:49 - Phil Collins - It Don't Matter To Me

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)