Fryslân fan 'e moarn fan 28 desimber 2015 06:00

  • Spiler wurdt laden

* Ravaazje nei eksploazje yn flat oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten.
* Frysk sukses op de earste dei fan de NK ôfstannen op Thialf.
* It Frysk Boun om Utens bestiet yn 2023 hûndert jier en wol dat fiere mei safolle mooglik Friezen dy't bûten de provinsje wenje.

* Goudûlen komme massaal om yn it ferkear; alle wiken sneuvelje der seker tsien fûgels
* Tsientallen minsken kuieren snein foar de lêste kear harren rûntsje Ritsumasyl. Dat is fan hjoed ôf net mear mooglik omdat de Westergoabrêge by Deinum ferdwynt
* Rekôrtal dielnimmers by trailrun Nijhoarne.

De gast fan de dei is hjoed Halbe Jan Douma út De Pein, hy is studint psychomotoryske terapy yn Zwolle. Foar syn bûtenlânske staazje sil hy nei Sry Lanka om te helpen by in ICT-projekt foar studinten mei in lichaamlike beheining. Halbe Jan sil de studinten leare moatte om harren lichaamlike mooglikheden en ûnmooglikheden oan te jaan.

De kollum is fan Nynke van der Zee en giet oer ûndertiteling en Fryske aksjes tsjin de plannen fan Sander Dekker.

Ferslachjouwer Joline Dalstra sjocht werom op 2015 mei Froukje Nijholt fan Stichting Studenten- en Musaharproject Nepal oer de helpferliening yn Nepal. Ek is se by Theunes Braaksma, eigener fan Swimbad Swimfun yn De Jouwer. It ôfrûne jier wie in drok jier foar him en it swimbad. In nije namme, frisse drokte fan minsken, mar ek in soad protesten.

Halbe Jan Douma fertelt oer syn staazje

Joline Dalstra is by Froukje Nijholt

Braaksma fan swimbad Swimfun sjocht werom op 2015

06:11 - Tina Turner - Typical Male
06:21 - Toontje Lager - Stiekem Gedanst
06:24 - Shawn Mendes - Stitches
06:47 - Stromae - Formidable

07:20 - Wham - Wake Me Up Before You Gogo
07:44 - Blue (Ft. Elton John) - Sorry Seems To Be The Hardest Word

08:21 - Lost Frequencies (Ft. Janieck Devy) - Reality
08:40 - Taylor Swift - Shake It Off

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)