Fryslân fan 'e moarn fan 26 novimber 2015 06:00

* Besunigings by de provinsje geane ten koste fan gemeenten. Drachten en It Hearrenfean kinne beide 2,5 miljoen euro minder útjaan as se earder tochten
* It wie in stil doarp, mar no is dat oars. Bewenners fan De Falom ha lêst fan de Sintrale As
* By it fallite tankboubedriuw Nirota yn Snits giet it wurk foarearst gewoan troch
* It bûnsburo fan it keatsbûn KNKB is wer werom yn it 'Keatsmekka' fan Fryslân. Juster wie de feestlike iepening
* Al 50 jier jout de stichting Westermeer subsydzjes oan skoallen, mûnen, tsjerken en oare ynstânsjes. En dat fiere se... mei in boek

* It learlingeferfier yn De Fryske Marren moat oars. Alden moatte der mear by belutsen wurde. Dat fynt de gemeenteried
* Yn 2018 fiere se yn Drylts dat dy stêd 750 jier bestiet. Yn de oanrin dêrhinne binne ferskate aktiviteiten. Jûn is de premjêre fan in teaterstik
* Nei 12 jier ferlit âld deputearre Hans Konst de provinsjale polityk. Hy wurdt wer dokter
* Besunigings by de provinsje kostje de gemeente Smellingerlân 2,5 miljoen euro. En dêr binne se net wiis mei

Gast fan de Dei - Lia Dekker

Fan 'e middei om fjouwer oere wurdt yn Ljouwert Jimmy's iepene. In nij inisjatyf om jongeren tusken de 12 en 27 jier âld net allinne in ûnderkommen oerdeis en jûns te bieden, mar tagelyk in plak dêr't de jongerein aktiviteiten dwaan kin dy't se wier sels wolle en net troch ynstânsjes oplein wurde. Ek kinne de jonges en famkes hjr terjochte foar fragen oer stúdzjefinansiering of hoe't se krekt fan finansjele skulden ôfkomme kinne. Lia Dekker is oansteld om de jongerein by Jimmy's wat yn 'e stringen te hâlden en de aktiviteiten yn goede banen te lieden.

De Meunsternimmer - Karin Sitalsing

De Toan - Bart Kingma

06:13 - Ub 40 - Breakfast In Bed
06:51 - John Legend - All Of Me

07:20 - Culture Club - Karma Chameleon

08:17 - Nits - In The Dutch Mountans
08:39 - Nielson - Sexy Als Ik Dans
08:50 - Fleetwood Mac - Little Lies

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)