Fryslân fan 'e moarn fan 25 oktober 2016 06:00

*Minder regels foar it lyts en middenbedriuw. Dat wol de PvdA. En ûndernimmers sjogge dat wol sitten.
*Gjin ferwûnen, mar wol in soad skea by in wenningbrân oan de Haadstrjitte op De Gordyk
*Ien punt dêr't alle 70 Fryske musea mei har fragen nei ta kinne. Moandei waard de stichting Erfguod en Publyk oprjochte.
*Cambuur-trainer Sipke Hulshoff sjocht foarút op de wedstryd tsjin TEC Tiel
*Dit jier wurde der mear as 1 miljoen museumbesikers yn Fryslân ferwachte... en dat komt net allinnich troch de populêre tentoanstelling fan Alma Tadema.
*Lemster dokter Groeneveld wol âlderein en jongeren mei-inoar yn kontakt bringe mei in nije app. Se is dêrfoar nominearre foar it Bêste Soarchidee.
*Romantysk ôfskie nimme fan de ferkearing op it perron? Dat wurdt op It Hearrenfean lestich sûnder OV-chipkaart.

Gast fan de Dei Joop Mulder

Is der wol romte foar in kompleks mei 25 apparteminten by it Griene Strân op Skylge? Oer dy fraach sil de gemeenteried fan it eilân him hjoed bûge. Op it eilân is der ferset tsjin de komst fan de apparteminten, ûnder oare Oerol-direkteur Joop Mulder hat in pittich stik skreaun op facebook. Hy hat it oer in fataal fersin foar de takomst. Dêr binne mear as tûzen reaksjes op kaam, en dat wurde der noch hieltyd mear.

Meunsternimmer Tieneke Clevering

De Toan fan Willem Schoorstra

06:09 - Dennis Edwards & Siedah Garrett - Don't Look Any Further
06:16 - Nielson & Miss Montreal - Hoe
06:19 - Charlie Puth (Ft. Selena Gomez) - We Don't Talk Anymore
06:26 - Alain Clark - Back In My World
06:37 - Ljoubjr De Band - Ik Gean Werom
06:49 - Counting Crows - Big Yellow Taxi

07:18 - Gavin James - Nervous (The Ooh Song)
07:42 - Jaap Louwes - De Waldwei

08:16 - Common Linnets - Calm After The Storm
08:37 - Wiebe (Kaspers) - Help, Help, Help
08:49 - Adele - Send My Love (To Your New Lover)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)