Fryslân fan 'e moarn fan 25 juny 2016 08:00

* De saak fan de fergiftiging fan in man út Frjentsjer troch syn eigen frou is noch net op syn ein: Ada S. wol yn kassaasje by de Hege Ried, en de bekende advokaat Gerard Spong sil dêr by helpe
* Yn Harns wurdt fannacht in spoartunnel fan 3000 ton op syn plak rôle
* It nije festival At the Watergate yn Snits bringt oer twa jier 650 foarstellingen op 49 poadia
* We belje mei kempingbaas Henk Brouwer fan Riis, dy is dwaande mei in patatbakmarathon
* En in koar fan 170 minsken, it folsleine Noard Nederlansk Orkest en in smoarfol Aldehoustertsjerkhof... dat wiene de yngrediïnten juster foar de sechsde edysje fan it klassike muzykfestival City Proms yn Ljouwert

Hast 16 oeren is kempingbaas Henk Brouwer fan Riis no al oan it patatbakken. Justermiddei om 5 oeren is hy úteinsetten mei in patatbakmaraton, om te fieren dat hy en syn frou Cisca Brouwer 25 jier de baas binne op kemping Riisterbosk. En hy is der ek noch net... want pas om 6 oere jûn wol 'er ophâlde.

 

08:14 - Frans - If I Were Sorry
08:39 - Bruce Hornsby - The Way It Is

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)