Fryslân fan 'e moarn fan 24 febrewaris 2016 06:00

  • Spiler wurdt laden
  • De brêge oer it Stroomkanaal krijt in nij brêgedek

Yn it nijs:
* Krekt bûten De Jouwer is in unike midsiuwske Fibula fûn troch in jonge sneuper.
* Supermerkketen Poiesz wie tiisdei drok dwaande om alle snobbersguod fan Mars Nederland út de skappen te heljen. Dêr sit mooglik plestik yn.
* Deputearre Sietske Poepjes begjint har geduld te ferliezen mei oannimmer Heijmans fan it Drachtsterwei-akwadukt.

* Wenningkorporaasje Elkien pakt de kommende fiif jier goed 6000 sosjale hierwenten oan.
* De provinsjale ambysje om it tal skriezen de kommende jierren flink groeie te litten is net helber sûnder ekstra provinsjaal jild.
* Frachtweinen bringe de kommende dagen tonnen sân nei it Europaplein yn Ljouwert, dat soarget mooglik foar oerlêst.
* HZPC fan De Jouwer nimt it Russyske setierappelbedriuw Sadokas oer.

Besteande bedriuwen sykje hieltyd faker gearwurking mei saneamde start-ups. Mar foar beide partijen is it soms lestich om mei inoar yn de kunde te kommen. Dêrom is der fan 'e middei yn Ljouwert in kongres, dêr't se elkoar moetsje kinne. Ien fan de sprekkers dêr is Gerrit Baarda. Fjirtjin jier lyn rjochtte hy yn in garaazje yn Waskemar syn bedriuw (Ziuz) op. No hat er klanten oer de hiele wrâld.

De meunsternimmer is op woansdei Hendrikje Talsma en "de Toan" komt fan Eelke Lok.

Oer it brêgedek fan de nije brêge oer it Stroomkanaal (N359) op De Lemmer wurdt hjoed 1200 kúb asfalt stoarten. In neffens de provinsje "spektakulêr" barren. Asfaltweinen ride de hiele dei op en oan om de klus yn ien dei klear te krijen. Dat betjut dat der sa'n 100 ritten makke wurde. Se begjinne dêrom al om fiif oere moarns. It gewoane ferkear kin fia in needbrêge gewoan oer de provinsjedyk ride. Ferslachjouwer Jantine Weidenaar wie derby.

Gerrit Baarda oer de gearwurking tusken nije en besteande bedriuwen

Meunsternimer Hendrikje Talsma

Jantine Weidenaar yn petear Richard Elzinga, projektlieder by de provinsje

jantine praat mei Marcel de Vries, projektlieder by oannimmer Reimert BV,

06:08 - Level 42 - Lessons In Love
06:15 - Frits (Freek De Jonge & De Nits - Dankzij De Dijken
06:19 - Nathan Sykes (Ft. Ariana Grande) - Over And Over Again
06:25 - Gabrielle - Dreams
06:37 - Brandewyn - Boogy Woogy Myntsje
06:48 - Jack Johnson - Sitting, Waiting, Wishing
06:56 - Eros Ramazzotti - Ma Che Bello Questo Amore

07:17 - Lukas Graham - 7 Years
07:44 - Bricquebec - Strjitlizzer
08:13 - Coldplay - Everglow
08:45 - Mariusz & De Muzikanten - It Kin Samar

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)