Fryslân fan 'e moarn fan 21 oktober 2015 06:00

  • Spiler wurdt laden

* Boargemaster Crone riedt him ta op de parsekonferinsje oer de om it libben brochte frou: Hoe koe dit drama barre?
* Bûtenlanners binne gek op Nederlânske sipels. Goed nijs foar sipeleksporteur Konaxx fan Sint-Jabik
* Smellingerlân hat de Fryske primeur mei digitaal wolstâns- en reklamebelied
* Nijste poppoadium fan Fryslân sil jûn lang om let los
* De Strontrace, sille hjoed de earste skippen finishe of stiet der net genôch wyn?
* Fuotbaltrainer Dwight Lodeweges stapt op by Sportklup Hearrenfean
* Fryske fraksje Partij voor de Dieren yn de bres foar wylde kat

De Meunsternimmer - Radboud Droog

Gast fan 'e dei - Remi Hougee fan Steatsboskbehear

Belangstellenden kinne kommende nacht foar it earst op ekskurzje yn it Dark Sky Park op Skylge. Dielnimmers wurde mei Landrovers ophelle en nei de Boskplaat brocht. Dêr kinne se noch genietsje fan it echte tsjuster. De stjerren en planeten binne dan ekstra goed te sjen. De Boskplaat op Skylge hat earder dit jier as earste yn Nederlân de beneaming Dark Sky Park krigen. Op hast gjin inkel plak is it nachts noch echt tsjuster, troch ljocht fan bebouwing. Yn de Dark Sky Parken is dit wol it gefal.

Mooglik wurdt Nasjonaal Park Lauwersmar folgjend jier it twadde Dark Sky Park yn Nederlân. Op it terrein fan Steatsboskbehear yn Lauwerseach is earder al in ljochtmeter delset, om te mjitten hoefolle stjerren der te sjen binne. Yn de wrâld binne yn totaal sa'n tweintich Dark Sky Parken. Dy fan Ierlân wie oant no ta it tichtste by.

06:09 - Opus - Live Is Life
06:16 - Sam Smith - Writing On The Wall
06:20 - Tom Petty - A Face In The Crowd
06:38 - Maroon 5 - Animals
06:49 - Lionel Richie - My Destiny

07:19 - Roel Slofstra - It Lot Fan Tea

08:17 - Iggy Pop - Candy
08:46 - Gavin Degraw - Fire

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)