Fryslân fan 'e moarn fan 2 maaie 2016 06:00

* Degredaasje Cambuur is in feit nei in 6-2 nederlaach tsjin PSV
* Waarm ôfskied Foppe by SC Hearrenfean by lêste thúswedstryd
* Manifestaasje Iepen Joadske hûzen moat herinnering oan Twadde Wrâldoarloch libjend hâlde
* SC Hearrenfean ferliest noardlike derby tsjin FC Grins
* De legerauto's fan Jorrit Volkers bliuwe dit jier yn de loads stean, mar fierders is der wol in soad oandacht foar Befrijingsdei yn Fryslân

Blog Ferdinand de Jong diel 2: Dei fan de arbeid

It is sneintemoarn ien maaie as ik dizze bloch skriuw. De dei fan de arbeid, it begjin fan in pear dagen frij foar de Russyske befolking. Juster ha ik mei myn tolk in dei nei Dudinka west. Dat hie fan Piet Paulusma en it KNMI grif net mochten. Ik tink dat der gjin koade slim genôch west hie yn it oanharke Nederlân om oan te tsjutten hoe slim it wie. Wynkrêft 8 en de dyk nei Dukinka fertoande hjir en der dúnfoarming troch stosnie fan de toendra.

Dy dyk leit der oars pas sûnt 2011. Stel jim de minste dyk fan Fryslân foar. Doch dat kear tsien en tink der botsauto's by. Dat gefoel joech de 'nije' dyk nei Dudinka. De permafrost is altyd yn beweging en soarget foar gatten en hobbels yn it asfalt. De stoisijnske sjauffeurs witte net better en sette de kachel op standje switte.

As wy yn Fryslân mei dizze omstannichheden op wei gong wienen, hie it grif it nijs helle. Hjir lûke de minsken de skouders op en dogge wat se dwaan moatte. Yn dit gefal hienen der ek al trije iishockeyteams de dodenrit fan Drs P. folbrocht, want yn de noardlikste iishal fan de wrâld stie in hockeytoernoai op it programma. Kayerkan, Norilsk, Talnach en Dudinka stienen om ien oere middeis op it iis fan de Taymir iisarena. In moaie hal mei moderne fasiliteiten.

Healwei Dudinka sei Lara, myn tolk: 'So ferdinand, we have got a surprise for you.' In ferrassing dus. Mar dat betsjut wol dat je dy freonlik knikkend akseptearje moatte. 'De direkteur fan de iishal is fereare datsto op besite komst en sil dy as syn earegast behannelje.' Doe't ik frege wêroan ik dat te tankjen hie sei se dat der sûnt de iepening fan de hal nea immen ekstern echt belangstelling foar toant hie. En al hielndal net de muoite naam hie om nei de troch Norilsk nikkel mooglik makke hal ta te reizgjen. 'O, en do moatst it toernoai iepenje,' sei Lara.

Sa stie ik dus op Russysk iis om in hockeytoernoai te iepenjen. Fjouwer teams tikken mei harren sticks op it iis as wurdearring foar wat ik sei. Dêrnei klonk it Russyske folksliet. Dat ik soks nochris meimeitsje mocht op sa'n plak hie ik nea tinke kinnen. Mar noch wie it net alles. De direkteur joech my syn eigen wedstriidshirt fan Dudinka Hockeyclub. Op de woeste rit werom nei Norilsk ha ik de hiele tiid sitten te gnizen, hoe djip de gatten yn de dyk ek wienen. Healwei seach ik in wolf troch de snie ploeterjen. Myn bucketlist rekket hurd leech op dizze wize. It is hjir no min 16. Moarn mear.

Lês it foarige blog fan Ferdinand de Jong

De Meunsternimmer - Rein Tolsma

De Toan - Nynke van der Zee

06:08 - Tanita Tikaram - Good Tradition
06:14 - Lange Frans & The Lau - Zing Voor Me
06:18 - Charlie Puth - One Call Away
06:25 - Peter Gabriel - Solsbury Hill
06:37 - Sake - Denk An Dy
06:48 - Robbie Williams - Candy

07:18 - Justin Bieber - Love Yourself
07:48 - Die Twa - Famke Fan Myn Dreamen

08:13 - Timeless - Where Is The Love
08:38 - Weima & Van Der Werf - 't Komt Altyd Wol Goed

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)