Fryslân fan 'e moarn fan 19 oktober 2016 06:00

*Gerben Huisman fan Ljouwert wol de Twadde Keamer yn foar de ChristenUnie, hy is de heechst pleatste Fries op de list
*In wiere put yn Snits: dêr waard 25 ton dak mei krikken omheech tild
*It bedriuw LIMM Recycling út Appelskea makket fan brûkte plestik bekers plantetrays en kleanhingers
*Aris ferliest nei in spannende wedstriid, mei twa punten ferskil fan Leiden
*It wie in heftige jûn en nacht foar de skippers dy't meidogge oan de strontrace. Koade giel, mei in protte rein en hurde wyn

Anja Brouwer is nominearre yn fotowedstriid Frans Lanting Award fan it Wrâld Natuer Fûns

De Fryske amateurfotografen Noortje Russel fan Boyl en Anja Brouwer fan Dokkum binne nominearre foar de Frans Lanting Award, de grutste natuerfotowedstriid fan Nederlân. Fan de 11.000 ynstjoerde foto's waarden der tritich útkeazen, yndield yn trije leeftydskategoryen. Fan tiisdei ôf kin der stimd wurde foar de publykspriis op de webside fan it WNF. De winners wurde begjin desimber bekend makke.

De nominearre foto fan Anja Brouwer is makke op It Amelân, op de Feugelpôle. Brouwer is hikke en tein op it eilân. Se hie ek noch in natuerfoto makke yn Súd-Afrika ynstjoerd, mar dy fan It Amelân waard útkeazen foar de wedstriid.

Noortje Russel makke in foto fan in mier dy't yn in Sineeske roas krûpte. "Dat viel niet mee, want de mier zat nauwelijks stil en verdween steeds uit beeld tussen de meeldraden'', sa seit de amateurfotograaf. ''Op een gegeven moment zat hij bovenop een stamper, als op een uitkijktoren. Toen had ik de foto die ik wilde. Klik!"

Noortje Russel waard nominearre mei in foto fan in mier

Meunsternimmer Annemarie Lindeboom oer de dramatyske brân op De Kelders yn Ljouwert trije jier lyn

06:09 - E.L.O. - All Over The World
06:17 - Marco Borsato - Binnen
06:22 - Haevn - Bright Lights
06:36 - Berend Riemersma - Wait For Me
06:45 - 10Cc - Dreadlock Holiday

07:17 - Bastille - Good Grief
07:44 - Twarres - Ruzjend Yn E Wyn

08:15 - R. City (Ft. Adam Levine) - Locked Away
08:40 - Ljoubjr De Band - Myn Eigen Wei

Diel dit berjocht op:

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 6.00 oant 9.00 oere.
(advertinsje)