Fryslân fan 'e moarn fan 16 juny 2016 06:00

- It wie in wenningoerfal, juster yn Akkrum. De bewenner is fêstbûn en swier mishannele.
- It flechtlingegesin dat yn Jorwert te wenjen komt, is kompleet; juster kaam heit mei de lêste bern oan yn it doarp.
- It is net foar te kommen dat de ôffaloven yn Harns dioksine útstjit, seit deputearre Schrier; by it opstarten fan de oven yn april is mear dioksine frijkaam as gewoan.
- De Fryske GGD wol in better byld krije fan de sûnens fan de Friezen troch gearwurking mei it Lifelines-ûndersyk.
- It hat twa jier duorre foardat it jild der wie, mar de ferbouwing fan jongerensintrum Casa op It Hearrenfean kin los.

De Gast fan de Dei is John Kenniphaas. John en Virginia Kenniphaas fan de Stifting Michael-Wings sette hjoed yn Almaar ôf mei harren sloep Tis 'n Feyt foar de oertocht nei Harns. Fan dêrút sil it echtpear de komende dagen alle alve Fryske stêden bylâns. En dat allegear foar it goede doel. Want mei it jild dat ynsammele wurdt, wol de stifting ynternet-systemen oanlizze op de jeugdôfdielingen yn sikehúzen.

De Meunsternimmer is Hendrikje Talsma. Sy hat it oer biologysk iten yn Fryslân.

De kollum is fan Ferdinand de Jong.

Gast fan de Dei John Kenniphaas

Meunsternimmer Hendrikje Talsma

De Toan fan Ferdinand de Jong

06:07 - Queen - I Want To Break Free
06:13 - Blof - Harder Dan Ik Hebben Kan
06:18 - Justin Bieber - Love Yourself
06:26 - Paul Mccartney - Ebony And Ivory
06:37 - De Kast - Vroege Vogel
06:49 - U2 & Mary J. Blige - One

07:17 - Charlie Puth - We Don't Talk Anymore
07:42 - Eddy Dykstra - Efkes Werom

08:13 - Charles & Eddie - Would I Lie To You
08:39 - Jan Nota - Skoanheit
08:46 - James Bay - Best Fake Smile

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)