Fryslân fan 'e moarn fan 15 novimber 2016 06:00

  • Spiler wurdt laden

* Bewenners fan De Trynwâlden moatte meitinke oer rêding Heemstra State
* De Fryske binnenstêden feroarje, winkels ferdwine en dêr komt hieltyd mear hoareka foar werom, ûndernimmers meitsje harren soargen
* Der komt yn desimber in demonstraasje om te pleitsjen foar in rommer plak foar it Frysk yn it ûnderwiis
* Der wurde fuotbalwedstriden ôfsein, omdat der klups binne dy't net mear op keunstgers fuotbalje wolle
* Ynwenners fan Ferwerderadiel, Kollumerlân en Dongeradiel meie de namme fan de nije gemeente betinke.

Gast van de dei Karina Hellinga

Feest fan 'e middei op it Friesland College. Dêr fiere se dat in nije oanpak om skoalútfal foar te kommen, struktureel trochset wurdt. It tal studinten dat sûnder diploma op strjitte komt te stean, is op dy skoalle flink nei ûnderen brocht. Lanlik stiet it Friesland College op it tredde plak fan skoallen dy't foarútgong helje yn de striid tsjin skoalútfal. Dat komt, seit de skoalle, troch in unike gearwurking mei ferskate soarchynstellings foar jongeren yn de provinsje. Professionals yn de soarch wurkje op skoalle, sadat se sa gau as mooglik yn de gaten ha dat studinten yn de problemen reitsje.

Meunsternimmer Jeanet de Jong

Joline Dalstra praat mei Jesse Smaal, direkteur BV Sport

Swimbad De Blauwe Golf en Sporthal Rengers yn Ljouwert wurde sûnt koart ferwaarme mei hout. De houtstookynstallaasje stiet tusken beide gebouwen yn en wurdt hjoed offisjeel iepene. It Fûns Skjinne Fryske Enerzjy hat hjir subsydzje foar jûn. It hout dat nedich is foar de ferwaarming, komt fan it grienûnderhâld fan de gemeente. It hout ferfangt de 450.000 kúb gas dy't alle jierren nedich wie. De Blauwe Golf is net it earste swimbad dat besiket de stookkosten te drukken. Swimbad De Welle yn Drachten bygelyks hat fan 't simmer goed tûzen sinnepanielen oanskaft. Dy wekke stroom én waarmte op. En swimbad De Kûpe yn Bûtenpost wurdt sûnt in lytse twa jier waarm holden mei restwaarmte.

De Toan fan Willem Schoorstra

Joline Dalstra praat noch in kear mei Jesse Smaal, direkteur BV Sport

06:10 - Tina Turner - The Best
06:18 - Marco Borsato - Dromen Zijn Bedrog
06:22 - Gavin James - Nervous (The Ooh Song)
06:36 - Ljoubjr De Band - Ik Gean Werom
06:50 - Sophie Ellis-Bextor - Murder On The Dancefloor

07:19 - Calum Scott - Dancing On My Own
07:39 - Piter Wilkens - Liwwadder Blues
07:47 - Jennifer Paige - Crush

08:15 - Of Monsters And Men - Little Talks
08:40 - Sipke De Boer - Njonken Dy
08:50 - Adele - Send My Love (To Your New Lover)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)