Fryslân fan 'e moarn fan 14 oktober 2016 06:00

  • Spiler wurdt laden

*Jacques Monash fan Snits wol listlûker wurde fan de PvdA.

*De brêge fan Nijlemmer hat in nije namme. It is no offisjeel de 'Brogge van Jikke'.

*De druk op Cambuur nimt ta, no't de resultaten achterbliuwe by de ferwachtingen. En dus moat Cambuur jûn winne fan FC Den Bosch, seit trainer Rob Maas.

*Maatregels fan de gemeente kinne auto's fan studinten net keare út de Ljouwerter wyk Bilgaard. De irritaasje rint sa heech op dat al fan twa auto's de bannen lekstutsen binne.

*Guon boeren sizze no al dat 2017 in ferlern jier is. En dat komt troch Steatssekretaris Van Dam. Hy hat de ynfiering fan fosfaatrjochten mei in jier úytsteld nei 2018.

*De ChristenUnie yn de Twadde Keamer wol de diskusje oer de status fan it Frysk nij libben ynblaze. It Frysk moat yn de grûnwet, seit fraksjefoarsitter Gert Jan Segers.

*Jeugdspilers meie net mear op de keunstgersfjilden fan Bûtenpost komme, út angst foar kankerferwekkende kerrels. Yn Ljouwert bliuwe de keunstgersfjilden foarearst wol iepen.

*Lytse pleatslike ûndernimmers yn de berne-opfang binne lilk op de gemeente Tytsjerksteradiel. Se sizze dat se oars behannele wurde as de grutte berne-opfang organisaasje Kinderwoud.

Gast fan de dei Ewoud van der Weide

Meunsternimmer Siebe Annema

De Toan fan Botte Jellema

06:09 - Bananarama - Venus
06:18 - Poema's - Zij Maakt Het Verschil
06:26 - Gavin James - Nervous (The Ooh Song)
06:36 - Ljoubjr De Band - Myn Eigen Wei
06:48 - Lucie Silvas - Breathe In

07:19 - Bob Dylan - Blowin' In The Wind
07:46 - Ronde - Why Do You Care
08:15 - Imagine Dragons - On Top Of The World
08:40 - Pyn - My Baby

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)