Fryslân fan 'e moarn fan 11 jannewaris 2016 06:00

  • Spiler wurdt laden
  • Gjin kroketten, mar komkommer en tomaat op de bôle
  • Comenius is smookfrij

- Famyljedrama yn Sânhuzen; man fermoardet syn frou en docht himsels tekoart; twa lytse bern bliuwe achter.
- Sven Kramer is foar de achtste kear Europeesk kampioen reedriden.
- Fryske hannelsmissys nei Sina hiene better nei oare lannen kinnen, seit baas Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij.

- "Franeker is prettig gestoord" en folle mear foarsetten binne der binnen kaam op in online enkête dy't liede moat ta in bettere promoasje fan de stêd.
- Foar it lêst leven yn OBS de Welle; Koudum nimt ôfskie fan in skoalgebou.
- En it oersjoch fan de sport fan it ôfrûn wykein.

- Netwurkbehearder Tennet kontrolearret alle stroomkabels op breuken yn it Noarden.

De meunsternimmer fan dizze moandei is Rein Tolsma en de kollum komt fan Nynke van der Zee. De gast fan de dei is Renny Ausma fan Grou, sy fertelt oer de trochstart fan de kringloopwinkel yn Grou.

Ferslachjouwer Joline Dalstra sjocht op it Comenius Colelge yn Ljouwert hoe't it liket mei de ôfspraak dy't se hawwe mei de de gemeente Ljouwert om mei yngong fan 5 jannewaris (safolle mooglik) in sûne skoalle te wêzen. Dat bestjut dat yn de kantines benammen sûn iten te krijen wêze moat yn stee fan de kroketten en gleskes kola. Mar noch wichtiger wurdt de saneamde smookfrije skoalle. Net allinnich mear yn, mar ek om de skoalle hinne mei net mear smookt wurde. Benammen de dosinten skine problemen te hawwen mei it feit dat se net mear op it skoalplein smoke kinne.

Renny Ausma oer de trochstart fan de kringloopwinkel fan Grou

Meunsternimmer Rein Tolsma

Joline Dalstra yn petear mei direkteur Jacoba Posthumus

Kantinebaas Alfred MIedema fan it Comenius

06:10 - Tambourine - High Under The Moon
06:20 - Skik - Op Fietse
06:43 - Nico & Vinz - Am I Wrong
06:52 - Adri De Boer - Foar Al Myn Maten

07:19 - Alison Moyet - Is This Love
07:45 - Sam Hunt - Take Your Time
07:55 - David Bowie - Heroes

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)