Fryslân DOK van 10 Septimber 2013

  • De Oerfal

De Oerfal
De oerfal op de Blokhúspoarte is ien fan de grutste suksessen út de skiednis fan it ferset. Op 8 desimber 1944 wisten leden fan de Fryske knokploech ienenfyftich politike finzenen te befrijen út de Ljouwerter finzenis. Sy dienen dat sûnder geweld te brûken, der folgen ek gjin repressailles. Yn Fryslân DOK omtinken foar dy romrofte aksje en it iepenloftstik dat dêroer makke is.
Dick Jansen en Tineke Broers makken in iepenloftstik oer de oerfal. It spilet him allegear ôf op de binnenpleats fan de Blokhúspoarte. Fier foar de premjêredatum op 29 augustus wienen alle foarstellings al útferkocht, want it ferhaal sprekt noch altyd tige ta de ferbylding.
Yn Fryslân DOK is te sjen hoe’t akteurs as tarieding op harren rol prate mei famyljeleden fan oerfallers en minsken dy't út de finzenis befrijd waarden. Hokker rol spilet dizze histoarje yn harren libben? De fersetsminsken hawwe der faak net folle oer praat. Dat jildt foar sawol de oerfallers as foar de finzenen dy't de wrede ûnderfregings fan de SD'ers trochstean hawwe. De njoggentichjierrige Gerrit Fokkema spilet in rol yn de foarstelling. Hy is de lêste oerlibbene dy't dizze aksje meimakke as finzene en dy't der noch oer fertelle kin. En dat docht hy. Fokkema hat de lêste jierren in missy makke fan it fertellen oer de oerfal. In grut kontrast mei de oerfallers, dy't der oer swijden.

Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 14 septimber om 11:30 oere en snein 12 septimber om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)