Fryslân Dok fan 9 oktober 2012

  • Pyromaan Hommerts Krante-artikel

De pyromaan fan Hommerts

Yn de nacht fan 18 op 19 augustus 1980 stie nachts om healwei fjouweren de stjelppleats fan Piet van der Velde oan de Riperwei yn De Hommerts-Jutryp yn 'e brân. Fee stie der net yn en de bewenners wienen der op 'e tiid út, mar it wie it begjin fan in benaude perioade yn De Hommerts.

Trije dagen letter stie der nammentlik alwer in pleats yn ‘e brân en doe't wer trije dagen dêrnei in lytse skuorre yn flammen opgie, wie it dúdlik: der wie in pyromaan yn De Hommerts-Jutryp. En dy soe pas in heal jier letter oanhâlden wurden.

De Hommerts wie bang en de ynwenners wiene allegear erchtinkend nei elkoar ta; it moast ommers in Hommertser wêze. Yn dit programma fertelle de belutsenen en oare Hommertsers wat harren allegear yn de besnijing hie. En oer de ferromming doe't, nei de fyfde pleats dy’t yn ‘e brân stie, de dieder oanhâlden wurde koe.

Nochris te sjen op Nederlân 2: sneon 13 oktober om 10:25 oere en snein 14 oktober om 15:30.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)