Fryslân DOK fan 9 july 2013

Yn it spoar fan Pieter Stuyvesant
Werhelling fan tiisdei 15 jannewaris 2013

De Fryske dûmnyssoan Pieter Stuyvesant stie oan ‘e basis fan wat letter ien fan de grutste stêden fan de wrâld wurde soe; New York. Hy wie de man dy’t in foet ferlear yn de striid om it eilân Sint Maarten en dêrnei fierder troch it libben gie as Pieter Poat. Of - yn Amearika - as ‘Silverleg’, om’t er syn houten foet mei sulveren sieraden beslaan liet. Pieter Stuyvesant, waans stive Fryske ynboarst weromkaam yn ‘Stubborn Peter’, ien fan syn oare bynammen, waard ferneamd om’t er yn earste ynstânsje wegere Nij Amsterdam oer te jaan oan de Ingelske Hartoch fan York.Yn 2012 wie it 400 jier ferlyn dat Pieter Stuyvesant yn it Fryske Pepergea, yn de gemeente Weststellingwerf, berne waard. Nei stúdzjes yn Ljouwert en oan de Universiteit fan Frjentsjer, fear hy yn 1631 fan Amsterdam út nei de West, dêr’t er úteinlik as gûverneur fan Nij Amsterdam ferneamd waard. Syn namme is sûnttiid yn ferskate hoedanichheden oer de tonge gien. As pionier. As slavehanneler. As fisionêr. It feit dat Stuyvesant 400 jier ferlyn berne is, is in goede gelegenheid om werom te sjen op de persoan Pieter Stuyvesant. ‘Yn it spoar fan Pieter Stuyvesant’ is in dokumintêre oer syn libben, in yntrigearjend ferhaal oer in yntrigearjende man.

Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 13 july 2013 om 10:30 oere en snein 14 july 2013 om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)