Fryslân DOK fan 9 augustus 2015 17:00

Sân Stêden
(Werh.) Sjoernalisten fan de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân reizgje yn de hjerst fan 2014 mienskiplik ôf nei de Europeeske Kulturele Haadstêden oant 2018. Nei alle stêden reizge ek in ‘Young Professional’ mei dy’t past by it kulturele tema fan de stêd. Yn totaal binne fjirtjin ferslachjouwers en sân Young Professionals nei de stêden ta gongen.

Albert Jensma, sjoernaliste Ines Jonker fan de Ljouwerter krante en Jos van Dalfsen fan Wetsus reizgje ôf nei Bergen/Mons, België. Bergen, oftewol Mons yn it Frânsk, is in Waalske stêd yn België en hat 93.000 ynwenners. De stêd hat twa universiteiten en 13 hegeskoallen. Dêrtroch wenje en wurkje der mar leafst 15.000 studinten. Bergen wrakselet mei in soad wurkleasheid mei troch de sluting fan de koaleminen yn de twadde helte fan de 20e ieu. De stêd sit no wer yn de lift, mei troch Kulturele Haadstêd 2015. Ald-premier fan België, Di Rupo, wie mei it binnenheljen fan de titel boargemaster fan de stêd.

Sjoch mear oer it mienskiplik projekt op de webside fan 7stêden

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)